20-jierrige fertochte fan ôffaldumping A7 wer út foararrest litten

De rommel wie ek yn 'e brân stutsen © ANP
Ien fan de twa fertochten dy't oanholden binne op fertinking fan ôffaldumping op de A7 by Marum, komt frij út foararrest. It giet om in 20-jierrige man fan De Gordyk.
Op 12 augustus waard bekend dat de man twa wiken langer foarriedich fêstsitten bliuwe moast. Mei him ek in man fan 19 jier út de Grinzer Pein. Dizze fertochte moat noch 30 dagen langer yn foararrest bliuwe. Hy sit fêst foar ôffaldumping by Marum en Fryske Peallen.
Beide manlju soene ein july en begjin augustus rommel op de sneldyk delsmiten hawwe. Sy wurde fierder fertocht fan it blokkearjen fan de A7 en brânstichting.
Fierder is der earder ek in man fan 32 út de gemeente Westerkwartier oanholden foar ôffaldumpingen by Fryske Peallen en Marum. Alle manlju wurde fertocht fan brânstichting en it oertrêdzjen fan de wet miljeubehear.