Farske en fertroude programma's by Omrop Fryslân

Nei in simmer fol prachtige eveneminten en programma's komt Omrop Fryslân nei dizze Simmer yn Fryslân werom, mei farske en fertroude programma's. Neist de reguliere binne der ek nije programma's te sjen by Omrop Fryslân.
Fryslân Hjoed
Fryslân Hjoed is fan moandei 29 augustus ôf werom yn presintearre ferzje. Arjen de Boer, Timo Jepkema, Maaike van der Hoek en Jantine Weidenaar prate dy elke dei om 17.00 oere wer by oer it nijs fan de dei.
BYT! op moandei
Op moandei 5 septimber begjint it nije programma BYT! by Omrop Fryslân. BYT! is foar elkenien, jong of âld, fiskleafhawwer of net. It programma draait benammen om bekende Friezen dêr't presintator Tamme in angeltsje mei útsmyt.
Sa komme o.a. Emiel fan De Hûnekop, politikus Lutz Jacobi, presintatrise Afke Boven en boargemaster Sybrand Buma del. We gean werom nei de 'roots' fan de persoan.
Under it fiskjen hawwe wy it oer it ferline fan de persoan, BYT! bringt al fiskjend ferhalen nei foaren.
HEA! op tiisdei o/m tongersdei
It is nei de simmer wer tiid foar nij farsk Hea! Fan tiisdei oant en mei tongersdei om 17.15 oere is HEA! werom mei nije ôfleveringen.
Polytburo op freed
Op freed is it Polytburo werom mei ynteressante gasten. Oan tafel by Andries Bakker en Eric Ennema skowe ferskate politisy oan, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is en skerp befrege wurde oer in aktueel ûnderwerp. Elke freed om 17.15 oere te sjen by Omrop Fryslân.
FryslânDOK op sneon en snein
Dizze simmer stie fol mei werhellingen fan FryslânDOK, ferskate moaie dokumintêres wienen werom te sjen by Omrop Fryslân. Mar nei de simmer is it wer tiid foar nije dokumintêres.
It wykein fan 3 en 4 septimber traapje we ôf mei it portret oer dichter Nyk de Vries. Elke snein om 17.00 oere in nije dokumintêre fan FryslânDOK by Omrop Fryslân.
Sjoch fan moandei 29 augustus ôf nei de farske en fertroude programma's by Omrop Fryslân.