Wetterskip Fryslân: delslachtekoart fierder oprûn, mar maatregels net nedich

Mei de drûchte wurdt it lân tusken De Jouwer en Vegelinsoard bewettere © Omrop Fryslân
It delslachtekoart yn Fryslân is yn de ôfrûne wike fierder oprûn nei 200 milimeter, dat lit Wetterskip Fryslân witte. Dochs wurde der foarearst gjin nije maatregels naam.
Neffens de lêste waarfoarsizzingen hâldt de drûchte noch wol twa wiken oan, dus de oprop om sunich mei wetter te wêzen bliuwt fan krêft. Dochs merkt Wetterskip Fryslân wol dat der mear wetter út de sleatten helle wurdt om de greide mei te besproeien.

Dykynspeksje

Oant no ta hat Wetterskip Fryslân noch gjin echt risikofolle skea ûntdutsen by de 100 kilometer diken dy't ynspektearre binne. Maatregels binne der net nedich. Fan moandei ôf wurdt wol de skea oan kwetsbere feandiken dy't earder konstatearre is, nochris kontrolearre. It giet yn totaal om 26 lokaasjes.
Op fjouwer plakken, by de Tsjûkemar, de Sleattemer Mar, De Fluezen en de Peanster Ie, binne djippere skuorren fûn. Yn trochsneed binne it skuorren fan sa'n 30 sintimeter. Op dizze plakken is ekstra tafersjoch. As it risiko al tanimt, ûndernimt it Wetterskip aksje.

Wetter fêsthâlde

Troch de rein dy't al foel is de wetterstân fan de Iselmar minder sakke as ferwachte. Problemen mei it ynlitten fan Iselmarwetter binne der dan ek net: alle dagen wurdt der 3,5 miljoen kúb wetter yn de Fryske boezem en poldersleatten pompt.
Dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
It Wetterskip besiket it wetter sa goed as mooglik fêst te hâlden en it net ôf te fieren nei de Lauwersmar. Dochs slagget dat noch net oeral, want op de hegere sângrûnen en yn guon feanpolders is der noch te min wetteroanfier. Ekstra maatregels lykas in bereiningsferbod binne net nedich, skat it Wetterskip yn.
Dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân
No't de dagen koarter wurde, ferdampt der oerdeis ek minder wetter. De rein hat goed west foar de boppegrûn, mar hat it grûnwetter yn Fryslân noch te min oanfolje kinnen.
Dykgraaf Kroon makket wol kompliminten yn 'e rjochting fan Rykswettersteat, dêr't it mei oan te tankjen is dat de situaasje yn Fryslân noch reedlik goed is.

Pomp by Noardwâlde ynset

By in keardaam yn Noardwâlde brûkt it Wetterskip in pomp om wetter út De Lende nei de Noordwoolder Vaort te pompen. Dat moat dien wurde om't it wetterpeil oars te leech foar de fisken is. Der stiet no 68 sintimeter wetter, wylst dat oars wol 90 sintimeter wie. De pomp bliuwt draaien oant it peil by 90 sintimeter is.