Oekraïners yn Harns fiere ûnôfhinklikheidsdei en betankje foar de opfang

Minút stilte by de fiering © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Oekraïne fiert hjoed ûnôfhinklikheidsdei, om te betinken dat se yn 1991 út de Sovjet-Uny stapte. It is aktueler as oait, want is it op de dei ôf seis moanne nei de ynfal fan de Russen. Yn Harns wolle de 80 Oekraïners de stêd betankje foar de opfang.
Oekraïners yn Harns fiere ûnôfhinklikeidsdei en betankje foar de opfang
De flechtlingen organisearren in evenemint mei muzyk, dûns en ien minút stilte foar de slachtoffers dy't fallen binne troch it oarlochsgeweld. Ek waard it Oekraynske folksliet songen. Sa stiene de Harnzer Oekraïners stil by de ûnôfhinklikheidsdei.
Boppedat woene se de Harnzers betankje foar harren gastfrijheid. "Het is geweldig wat de stad voor ons doet." Sa'n 100 ynwenners fan Harns wiene oanwêzich yn de eardere grifformearde tsjerke oan de Midlumerleane.
Fiering fan de ûnôfhinklikheidsdei © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Boargemaster Ina Sjerps fan Harns wie ûnder de yndruk fan de optredens fan de Oekraïners. "Het is geweldig wat ze hebben gepresteerd. Ze hebben er de hele zomer aan gewerkt."

'Integratie verloopt prima'

Neffens Sjerps hawwe de flechtlingen in goed plak fûn yn de stêd, op ferskate adressen. "Het gaat heel goed, de volwassenen hebben werk en de kinderen gaan naar school. De integratie verloopt prima. Het aantal van tachtig past prima bij de aard en schaal van de stad. Bij tweeduizend vluchtelingen had dat niet gekund, nu werkt het perfect samen met de vele vrijwilligers die meehelpen."
Sjerps ferwachtet net dat de oarloch gau foarby is. "En als dat wel zo, mogen ze zelf bepalen of ze terug willen of hier blijven."
Olena Bobroska sprekt de Nederlânske taal al aardich. Sy siet yn de organisaasje fan it evenemint. Se is bliid dat se wat werom dwaan kin foar de stêd. "Harlingen is een fijne stad voor mij en ons allemaal."

Noed oer famylje

Olena wurket by Thuiszorg Friesland en dat befalt har goed. Dochs binne der soargen om har famylje yn Kiev, dêr't se alle dagen mei bellet. "Het gaat wel redelijk met ze, maar vaak horen ze de bommen ontploffen en de vliegtuigen overkomen. Dat vind ik heel moeilijk."
Se seit dat se treast en stipe fynt by oare flechtlingen. Dy sprekke deselde taal, hawwe itselde meimakke en fiele itselde gemis.