Boargemaster Agricola slút drugswenning yn De Westereen

© ANP
Boargemaster Agricola slút in drugspân yn De Westereen. It giet om in hûs oan de Miedloane dat foar seis moannen sletten wurdt op grûn fan de Opiumwet.
Heal juny trof de plysje yn de wenning safolle harddrugs oan dat it foar de hannel brûkt wurde koe. Ek wienen der oanwizingen dat der harddrugs makke waarden.
It doel fan de sluting is om in ein te meitsjen fan de bekendheid en it brûken fan de wenning as drugspân. Boargemaster Agricola: "Wy tolerearje hjir gjin hannel yn drugs. Dit soarget foar ûnfeilige situaasjes en hjir treed ik dan ek tsjin op. Dêrnjonken bringe drugs earnstige skea ta oan de sûnens."