Fertochte fan ôffaldumpen op A7 bliuwt langer fêstsitten

Justysje © Shutterstock.com
De 19-jierrige man út de gemeente Westerkwartier (Grinslân) dy't fertocht wurdt fan it stichtsjen fan brân en it dumpen fan ôffal op de A7 by Marum en Fryske Peallen moat 30 dagen langer sitten bliuwe. It dumpen fan ôffal wie ein july en begjin augustus.
Earder waard al bekend dat in 32-jierrige man 90 dagen langer fêstsitte moat. Der binne op 12 augustus noch twa manlju fan 19 en 20 jier oânhâlden yn dizze saak.