Fiskambulânse helpt earste fisken mei soerstofgebrek op It Hearrenfean

Neist in gewoane ambulânse, biste-ambulânse en Wensambulance is der no ek in spesjale fiskambulânse. Frijwilligers fan Sportvisserij Fryslân brûkten dy foar it earst om fisken te rêden.
Op it earste gesicht liket de nije fiskambulânse yn de fierste fierten net op de oare bekendere ambulânses. Hjir gjin swaailjochten, gjin felle kleuren, en twa yn plak fan fjouwer tsjillen. De fiskambulânse fan Sportvisserij Fryslân is eins in karre efter in auto. Dy karre sit fol mei helpmiddels foar fisken yn need.
Ate de Vries fan Sportvisserij Fryslân leit út hoe't de ambulânse wurket: "Der is in mooglikheid om fisken op te heljen dy't yn need binne." Bygelyks as de wetterstân sa leech is, dat de fisken net mear op eigen krêft fuortkomme kinne. "Dit sjochst ek yn oare provinsjes. Op in gegeven momint rint it wetter fuort, en bliuwe de fisken efter yn tweintich sintimeter wetter."
© Omrop Fryslan
Mar dat is net de iennige wize wêrop't de ambulânse help ferliene kin. Se kinne nammentlik ek soerstof yn it wetter pompe, as de fisken noch wol hieltyd romte hawwe om te swimmen, mar gjin soerstof om te libjen.

Rêdingsaksje op It Hearrenfean

De earste melding yn Fryslân kaam fan It Hearrenfean oer in fiver op by ferpleechhûs Anna Schotanus op It Hearrenfean. Omwenners seagen hieltyd mear deade fisken yn in pleatslike fiver driuwen, en skeakelen de ambulânse yn. "It gie om 22 dikke brazems, mar ek bearskes en snoeken."
Om 't it om privaat wetter giet koenen de brânwacht, gemeente en de bistebeskerming neat dwaan.
Oan dizze driuwers hinget in soerstofapparaat © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Troch de drûchte wie it wetter yn de fiver bot sakke, wêrtroch't der hieltyd minder soerstof oerbleau. En dus wie it tiid foar aksje: troch middel fan in dik stielen frame dat oan driuwers yn it wetter litten wurdt. Yn it frame sit in beluchtingsplaat, dêr't de ambulânse lucht yn it wetter pompe kin. Hjirtroch komt der wer mear soerstof yn it wetter.
Fiskambulânse helpt fisken mei soerstofgebrek
It klinkt miskien hiel fluch en simpel, mar dat is it perfoarst net, seit De Vries. "Wy wiene hjir fannemoarn om 10 oere hinne al, om 11 oere hinne wy it guod oan de praat."
Dêrnei moasten earst noch alle deade fisken fuorthelle wurde, foardat de libbene bisten har heechnedige soerstof krije koene. De Vries seit dat de ekstra soerstof in tydlike ferbettering yn it wetter opsmyt. As de drûchte oanhâldt, is net út te sluten dat it yn de fiver nochris mis giet.
De Fiskambulânse is in gearwurking tusken Sportvisserij Fryslân en it Wetterskip. Wa't sels fisken yn need sjocht, kin in berop op de Fiskambulânse dwaan. Dy is op te roppen fia it miljeu-alarmnûmer 058-2122422 en visinnood.nl.