'Simmer yn Fryslân': Keatstalinten yn Bitgummole

'Simmer yn Fryslân': Keats talinten yn Bitgummole
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân wiene wy moandei yn Bitgum en Bitgummole. Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort sjocht eefkes hoe't de jonges, dy't gewoanwei meihelpe, no sels keatse. Willem koe it net litte om sels ek even mei te keatsen.
Lykas ôfrûne jierren is Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en harkje de hiele dei wat der bart.
Tiisdei 23 augustus is Omrop Fryslân yn Tsjom. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.