FNV docht definitive oprop foar NS-staking no woansdei

© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De FNV ropt meiwurkers fan de Nederlandse Spoorwegen op om no woansdei mei te dwaan oan de staking yn it Noarden. De staking sil wêze fan 4.00 oere woansdei oant 4.00 tongersdei. Neffens in wurdfierder fan it bûn sille der wat harren oanbelanget dan hielendal gjin treinferkear wêze op NS trajekten yn it Noarden.
De meiwurkers kinne har no woansdei sammelje yn Ljouwert, Grins, Lelystêd, Zwolle en Onnen. "Wij hebben net de stakingsoproep uitgedaan naar onze leden voor de eerste 24 uursstaking op woensdag in regio Noord. Wij vinden het onbegrijpelijk dat de NS het zover laat komen", seit de wurdfierder fan de FNV.
De FNV kundige earder al oan har estafettestaking te begjinnen yn it Noarden. Hjirnei binne de oare regio's oan de beurt. De aksjes binne in reaksje op de mislearre cao-ûnderhannelingen tusken de NS en de fakbûnen FNV, CNV en VVMC.
De stakingen duorje oant ein augustus. As der dan noch hieltyd gjin cao-bod is dêr't de bûnen wiis mei binne, dan folget der in lanlike staking.
Ien fan de cao-easken is in automatyske kompensaasje foar de priisstigingen yn it salaris fan NS-meiwurkers. Ek wolle se in boanus fan ien kear 600 euro hawwe, en in regeling om earder op te hâlden mei wurkjen.