Grinsrjochters Steegstra en De Vries flagje play-off wedstriid Champions League

Steegstra en De Vries © Omrop Fryslân
Fryske grinsrjochters Hessel Steegstra en Jan de Vries fersoargje no woansdei de arbitraazje by de play-off wedstriid tusken Trabzonspor en FC Kopenhagen. De klups spylje om pleatsing foar de groepsfaze fan de Champions League
De grinsrjochters sitte yn it arbitraazjeteam fan Danny Makkelie. Makkelie fluitet woansdei de return tusken de beide klups. Jochem Kamphuis is de fjirde official. Pol van Boekel en syn assistinte Dennis Higler steane de arbitraazje by as VAR.
FC Kopenhagen wist yn de thúswedstriid mei 2-1 fan it Turkske Trabzonspor te winnen. Yn Trabzon moat de Deenske klup dy foarsprong no ferdigenje. De wedstriid set om 21.00 oere útein.