Part Boalsert skoft sûnder stroom nei brân by elektrisiteitshúske

Brân by it elektrisiteitshúske yn Boalsert © AS Media
Nei in brân by in elektrisiteitshúske oan de Kerkstraat yn Boalsert sieten in protte ynwenners fan de stêd sneintejûn sûnder stroom.
It die bliken dat de brân yn in elektraromte fan it eardere gemeentehûs siet. De brânwacht hie it fjoer al fluch út. Om't de brânwacht ek in brânalaarm krige fan it pân dernjonken, waard der opskaald nei 'middelbrân'.
Der wie sprake fan reekûntwikkeling. Dêrom waard it gebou fentilearre.
Neffens netbehearder Liander hienen de measte minsken om 21:00 oere hinne wer stroom.