Partoer Sijbrandij wint generale Frouljus PC, 200ste oerwinning Taeke Triemstra

It winnende partoer yn Wommels © Fotopersbureau Martin de Jong
It partoer fan Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra hat de generale foar de Frouljus PC wûn. Yn Wommels wienen se mei 5-5 6-2 te sterk foar Ilse Tuinenga, Louise Krol en Sjanet Wijnia.
Tuinenga-en-dy namen in grutte foarsprong, mar Sijbrandij, Scheepstra en Zeinstra draaiden de wedstriid dochs noch om. Fan 5-2 waard it 5-5 en doe pakten Sijbrandij-en-dy sels de oerwinning.
"Dit is ús al sa faak oerkommen", seit Louise Krol fan it ferliezende partoer nei ôfrin fan de wedstriid. "It is him soms krekt net."

Frouljus PC

Woansdei wurdt de Frouljus PC ferkeatst yn Weidum. Ek dan binne de partoeren fan Tuinenga en Sijbrandij de favoriten. Sijbrandij-en-dy wûnen dit seizoen oant no ta tsien kear en Tuinenga-en-dy seis kear.
Krol sjocht it partoer fan Sijbrandij as de topfavoryt. "Wy binne yn it perk sa no en dan noch wat te wikselfallich. Wy moatte sjen dat we dêryn wat skerper wurde. We hawwe noch twa dagen om dêroan te wurkjen."
It tredde plak yn Wommels gie nei it partoer fan Annet de Haan, Sandra Hofstra en Jeska Terpstra.

200ste oerwinning Taeke Triemstra

De manlju keatsten snein yn Kimswert. It publyk wie dêr tsjûge fan in bysûnder keatsmomint: Taeke Triemstra pakte nammentlik de 200ste oerwinning yn syn karriêre. Tegearre mei Gert-Anne van der Bos en Erwin Zijlstra rekkene Triemstra yn de finale ôf mei Marten Bergsma, Hendrik Kootstra en Menno van Zwieten (5-2 6-6).
Yn septimber 2000 pakte Triemstra syn earste haadklasse-oerwinning, 22 jier letter stiet de teller op 200. "Ik wie derfan op de hichte: as we de PC wûn hienen, dan wie it ek de 200ste west. Dat wie my doe wol ynflústere. Ik siet der net tsjinoan te hikjen, je witte dat hy in kear komt en dat wie hjoed. It wie in moaie dei."
Triemstra wie 17 by syn earste oerwinning. Dy winst stiet him noch goed by. "It wie in jubileumpartij yn Snits. De haadklassers mochten dêr ôfslute en ik krige in telefoantsje oft ik meidwaan woe. Ik sei: ik doch mei en ik wûn de earste priis."
Taeke Triemstra hat 200 oerwinningen
"No't ik deroer neitink, binne it der wol in hiel soad", seit Triemstra oer syn oerwinningen. "As je neigean hoe faak ik de krâns yn de kofferbak smiten ha, dan is dat wol moai om oan te tinken."
Triemstra hat noch 31 punten nedich om boppe-oan te kommen yn it klassemint fan de bêste keatsers ea. "It komt no echt yn sicht. Takom jier sille we yn deselde gearstalling troch, we binne echt ien fan de toppartoeren, mar we besjogge it fan wike oant wike."
Yn it klassemint giet Piet Jetze Faber oan kop mei 885 punten, folge troch Hotze Schuil mei 876 punten. Dêrefter stiet Triemstra.
It winnende partoer yn Kimswert © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Snein hie it partoer fan Triemstra yn de twadde omloop PC-winners Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar útskeakele (2-5 6-6). Mei it partoer fan Youri de Groot, Allard Hoekstra en Laas Pieter van Straten hienen Van der Bos, Triemstra en Zijlstra in omloop letter gjin muoite (5-0 6-0).
Yn de finale troffen Van der Bos, Triemstra en Zijlstra it partoer fan Marten Bergsma. Foar Bergsma wie dat in hiele prestaasje om't hy al in skoft lêst hat fan syn hân:
Marten Bergsma oer syn blessuere