Sterke Jerke fan skipper Pieter Jilles Tjoelker kampioen fan de IFKS

De Sterke Jerke oer de einstreek © Omrop Fryslân
It skûtsje de Sterke Jerke fan skipper Pieter Jilles Tjoelker is kampioen wurden yn de A-klasse fan de IFKS. Tjoelker wûn ek de slotwedstriid op De Lemmer.
Krekt foar fjouweren wie der pas genôch wyn om te starten. Klassemintslieder Sikke Heerschop begûn tige min oan de wedstriid en kaam hielendal efteryn te lizzen.

Tjoelker docht goede saken

Tony Brundel fan de Lytse Lies hie de bêste start, mar Pieter Jilles Tjoelker fan de Sterke Jerke die de bêste saken. Tjoelker kaam nei Brundel as twadde om de boppeste tonne, wylst konkurrinten Sikke Heerschop en Wietse Bandstra yn de efterein sylden.
Tjoelker gie Brundel letter sels foarby en lei dêrmei op kampioenskoers. Sikke Heerschop skarrele lykwols ek hieltyd mear nei foaren en dus waard it noch efkes spannend, mar it slagge Heerschop net om genôch nei foaren te silen om dochs noch de titel te pakken.

De útslach fan de slotwedstriid by De Lemmer

Nûmer Skûtsje Skipper
1. Sterke Jerke Pieter-Jilles Tjoelker
2. Lytse Lies Tony Brundel
3. Eelkje II Jeroen de Vos
4. Ut en Thús Floriaan Zwart
5. Us Heit Wytse Heerschop
6. It Doarp Eastermar Geale Tadema
7. Ingelskman Sikke Heerschop
8. Eeltje Baas Klaas Kuperus
9. Grytsje Obes Arjen de Jong
10. Redbad Wietse Bandstra
11. Waaksdom Ulbe Zwaga
12. Jonge Jasper Froukje Osinga
13. Raerder Roek Sijmen Kalsbeek
14. Ora et Labora Sietse Broersma
15. 't Swarte Wief Jaap Hofstee
16. Freonskip Hartman Witteveen
Yn it einklassemint is Tjoelker dus de kampioen. Nei in oerwinning yn de C- en de B-klasse wint hy dus ek by de A's. Sikke Heerschop is de nûmer twa en Wietse Bandstra de nûmer trije.
Arjen de Jong, Sijmen Kalsbeek en Hartman Witteveen degradearje nei de B-klasse.

It einklassemint fan de grutte A-klasse

Nûmer Skûtsje Skipper Punten
1. Sterke Jerke Pieter-Jilles Tjoelker 19,8
2. Ingelskman Sikke Heerschop 23,9
3. Redbad Wietse Bandstra 28
4. It Doarp Eastermar Geale Tadema 31
5. Lytse Lies Tony Brundel 35,9
6. Ut en Thús Floriaan Zwart 38
7. Eelkje II Jeroen de Vos 38,9
8. 't Swarte Wief Jaap Hofstee 40,9
9. Eeltje Baas Klaas Kuperus 42
10. Us Heit Wytse Heerschop 45
11. Jonge Jasper Froukje Osinga 57
12. Waaksdom Ulbe Zwaga 59
13. Ora et Labora Sietse Broersma 61,9
14. Grytsje Obes Arjen de Jong 62
15. Raerder Roek Sijmen Kalsbeek 66
16. Freonskip Hartman Witteveen 92

De oare klassen

Fanwegen te folle wynskiftingen waard de wedstriid fan de lytse A ôfbrutsen. Der waard in nije wedstriid start mei in oare baan. It earste plak yn de slotwedstriid gie nei Andries Brouwer mei De Reuzen. Hy waard dêrmei ek kampioen. Harm van der Weiden en Herke Boskma kamen sneon as twadde en tredde oer de einstreek.
De Reuzen, winners fan de lytse A © Omrop Fryslân, Andor Faber
De dei-oerwinning yn de B-klasse wie foar Henk Regts. Jeroen Sijtsma waard twadde en Steven Zijsling waard tredde. Daan van der Meer mei Westenwind is kampioen wurden.
Westenwind, kampioen yn de B-klasse © Omrop Fryslân, Andor Faber
Yn de C-klasse wie sneon gjin wedstriid om't der moarns gjin wyn wie. Dat betsjut dat Age Bandstra mei de Frya Fresena dit jier kampioen wurden is. Twad is Jelle Los en tred Olphert van der Pol. Sy promovearje nei de B-klasse.
Blide gesichten op de Frya Fresena, winner fan de C-klasse © Omrop Fryslân, Andor Faber
Folgje de IFKS by Omrop Fryslân. It ferslach fan de wedstriid fan de A-klasse bringe we op de radio en fansels is de útslach te lêzen op ús webside en app.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.