Oane Galama wint Sulveren Pols, Glêzen Ljepster foar Marrit van der Wal

De winners fan it FK fierljeppen 2022 © Fotopersbureau Martin de Jong
De Sulveren Pols is dit jier foar Oane Galama. Hy hie de fierste sprong op it FK yn Winsum. De Glêzen Ljepster is foar Marrit van der Wal. Mei 17,87 meter sette se de bêste ôfstân del.
Galama kaam yn syn twadde foarrondesprong ta in geweldige ôfstân fan 21,43 meter, in nij pr. Yn de finale besochten Nard Brandsma, Sytse Bokma, Freark Kramer en Jesper Demmer dêr noch wol oerhinne te kommen, mar dat slagge net.
De winnende sprong fan Oane Galama
Mei in ôfstân fan 20,32 meter waard Nard Brandsma twadde. Sytse Bokma einige ek krekt op it poadium (19,13 meter).

Van der Wal bêste frou

By de froulju gie de oerwinning nei Marrit van der Wal. Sy sprong mei 17,87 meter in fantastyske ôfstân. Tessa Kramer waard twadde mei 16,52 meter.
De winnende sprong fan Van der Wal
Hanneke Westert wie as famke mei har 15,79 meter ek noch efkes yn de striid foar de Glêzen Ljepster, mar dêr gie earst Kramer en letter Van der Wal noch oerhinne. Westert wûn fansels wol by de famkes. Hilde van der Weij waard yn dy kategory twadde en Jeltske Terpstra tredde.
By de junioaren wie Wisse Broekstra de bêste. Hy sprong in ôfstân fan 19,24 meter. Rutger Haanstra en Germ Terpstra wienen twadde en tredde. Brent Monsma waard kampioen by de jonges mei in ôfstân fan 17,00 meter.
De Sulveren Pols is de wikselpriis fan it FK. De ljepper dy't Sulveren Pols trije kear op rige wint, of fiif kear yn totaal, mei de trofee hâlde. Datselde jild sûnt 2016 foar de Glêzen Ljepster.
FK Fierljeppen