Liveblog | 21 augustus 2022

Sportblog fan 20 augustus: Marijke Groenewoud wint Iepen NK skeelerjen

Yn dit liveblog hâlde we jo op 'e hichte fan it lêste Fryske sportnijs. Der is ûnder mear keatsen, skeelerjen en fuotbal. En fansels it FK fierljeppen, de slotdei fan it IFKS skûtsjesilen en ek noch earedivyzjefuotbal mei sc Hearrenfean en SC Cambuur. It programma:

  • 10.00 Burchwert: Haadklasse keatsen froulju t.e.l.
  • 11.00 Dokkum: Haadklasse keatsen manlju t.e.l.
  • 13.30 Winsum: FK fierljeppen
  • 14.00 Hallum: Iepen NK skeelerjen
  • 14.30 3D Harkemase Boys-ASWH
  • 14.30 De Lemmer: IFKS skûtsjesilen
  • 16.30 Vitesse-sc Hearrenfean
  • 18.45 Fortuna Sittard-SC Cambuur

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 21 augustus 2022, 16:06
21:35

Cambuur wint ek

Ek SC Cambuur kin trije punten byskriuwe. De Ljouwerters wûnen nei in 1-0 efterstân mei 1-4 fan Fortuna Sittard.
18:26

Hearrenfean boekt earste seizoensoerwinning

Sportklup Hearrenfean hat de earste oerwinning fan it seizoen pakt. Yn Arnhem wie de ploech fan trainer Kees van Wonderen mei 4-0 te sterk foar Vitesse. Sydney van Hooijdonk makke trije doelpunten, Amin Sarr skoarde ien kear.
Amin Sarr © Orange Pictures
17:35

Sterke Jerke kampioen fan de IFKS

Pieter Jilles Tjoelker hat it wer foar elkoar. Nei in kampioenskip yn de C- en de B-klasse, wie hy dit jier de bêste by de grutte A's. Tjoelker wûn de slotwedstriid by De Lemmer en gie Sikke Heerschop foarby yn it klassemint.
16:50

Oane Galama pakt Sulveren Pols

De winst by it FK fierljeppen yn Winsum giet nei Oane Galama. Hy pakt dêrmei de Sulveren Pols. De Glêzen Ljepster, de priis foar de bêste frou is foar Marrit van der Wal.
16:48

Van Dellen-en-dy winne yn Dokkum

Patrick van Dellen, Daniël Iseger en Hans Wassenaar pakke de krânsen by de haadklassewedstriid foar de manlju yn Dokkum. Yn de finale wienen sy mei 5-5 4-6 te sterk foar Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra Erwin Zijlstra.
16:44

Bart Swings winner by de manlju

De Belch Bart Swings hat de 33ste edysje fan it Iepen NK skeelerjen wûn. Crispijn Ariëns kaam as twadde oer de finish en Harm Visser fan Surhústerfean einige as tredde.