Lêste IFKS-striid belooft in beslissende klimaks: "Ik mei wol oan it falium"

Sikke Heerschop © Martin de Jong
Sa spannend sjogge je it net faak: de striid om it IFKS-klassemint wurdt troch de lêste dei beslist. Sikke Heerschop, Wietse Bandstra as Pieter-Jilles Tjoelker kinne allegear noch kampioen wurde.
Sikke Heerschop is mei de Ingelskman klasseminstlieder, mar noch wol nipt. "Ik hie it leaver oars sjoen, dy spanning. Ik tink dat ik aanst mar nei de apoteek moat foar wat falium, ik moat om it hert tinke."
Heerschop stiet op 16,9 punten, Wietse Bandstra op 18 punten en Pieter-Jilles Tjoelker mei 18,9 punten. "Spannender as dat kinne je it net meitsje, noch trije kandidaten. Dat is foar it publyk machtich moai. Foar ús minder, dat wurdt senuwen en min sliepe."
De skipper is net fan doel in spesjale taktyk út te setten. "Nee, dat sille wy net dwaan. Wy sile gewoan sa't wy dat altyd dogge. Dy krampeftichheid smite wy der net yn. It komt sa't it komt en de bêste wint."
Skipper Sikke Heerschop
De echte IFKS-leafhawwers kinne mei in soad nocht nei de wedstriid op De Lemmer út sjen. "Ik haw der minder nocht oan. Om my meie sy dy wedstriid der wol útsjitte", laket Heerschop. "Nee dat is flauwekul, de lêste dei moat der ek goed syld wurde. Dan sjogge wy it wol. Wy binne al dik tefreden, wat wol in minske noch mear?"
De wike kin foar Heerschop net mear stikken. "It wurdt sawiesa feest moarn."
Kommentator Gjalt de Jong © Martin de Jong
Kommentator Gjalt de Jong seit dat Heerschop noch wol yn te heljen is. "Bandstra en Tjoelker sitte him op 'e hûd, der kin grif noch wat barre tusken dy trije. Geale Tadema kin mei It Doarp Eastermar ek noch op it eareskavot einigje, al kin er net mear earste wurde."

Degradaasje

Oan de efterein binne der trije skûtsjes dêr't degradaasje foar driget. Foar Hartman Witteveen (Freonskip) is dat wol dúdlik.
Arjen de Jong (Grytsje Obes) en Sijmen Kalsbeek (Raerder Roek) rinne ek grut gefaar. Mar ek Ulbe Zwaga (Waaksdom), Sietse Broersma (Ora et Labora) en Froukje Osinga (Jonge Jasper) binne noch net feilich.

It klassemint foarôfgeand oan de lêste wedstriid

Nûmer Skûtsje Skipper Punten
1. Ingelskman Sikke Heerschop 16,9
2. Redbad Wietse Bandstra 18
3. Sterke Jerke Pieter-Jilles Tjoelker 18,9
4. It Doarp Eastermar Geale Tadema 25
5. 't Swarte Wief Jaap Hofstee 30,9
6. Lytse Lies Tony Brundel 33,9
7. Eeltje Baas Klaas Kuperus 34
8. Ut en Thús Floriaan Zwart 34
9. Eelkje II Jeroen de Vos 35,9
10. Us Heit Wytse Heerschop 40
11. Jonge Jasper Froukje Osinga 45
12. Ora et Labora Sietse Broersma 47,9
13. Waaksdom Ulbe Zwaga 48
14. Raerder Roek Sijmen Kalsbeek 53
15. Grytsje Obes Arjen de Jong 53
16. Freonskip Hartman Witteveen 76