Fielst dy feilich yn in eigen hûs mei in swiere hypoteek?

"Waarom noemen we een huis met een loodzware hypotheek: zekerheid?", freget direkteur Ingrid van de Vegte fan it Fries Sociaal Planbureau har ôf. Wenningbesit is foar in soad minsken har grutste winsk, wylst it amper te beteljen is.
FryslânDOK 'Hillige Húskes diel 2 - de fûneminten fan wenjen'
Sneon 20 augustus NPO2 15.30 oere (werhelling 21 augustus 13.30 oere)
Snein 21 augustus Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
In hûs wurdt faak sjoen as in belizzing, mar eins lizze der mear 'minsklike' wearden oan ta grûnslach. Wat binne dy wearden? Tinkbedriuw De Argumentenfabriek hat dat ûndersocht.
Neffens direkteur Katrin Weber binne it fûnemintele wearden as: feilichheid, stabiliteit, sûnens en solidariteit. En 'keuzevrijheid'. Weber: "Misschien kunnen we het systeem van woningbezit zo veranderen, dat het een duurzame vorm van keuzevrijheid wordt."
Katrin Weber, direkteur De Argumentenfabriek © Omrop Fryslân
It Fries Sociaal Planbureau hat ûndersocht dat it geloksnivo fan de Friezen te krijen hat mei wenjen. "Onzekerheid die jongeren ervaren, komt vaak door de onmogelijkheid een stabiele woonsituatie te creëren", seit direkteur Ingrid van de Vegte.
Mei de searje 'Hillige Húskes' siket FryslânDOK nei oplossingen dy't fierder rikke as it kredo 'bouwe, bouwe, bouwe' fan projektûntwikkelers en politisy.
Van de Vegte sjocht der oars nei: "In de toekomst gaat de bevolking krimpen en zullen er huizen leeg staan." Sy is kritysk op grûnbesit en wiist der op dat it âlde systeem fan erfpacht hielendal sa gek net is.
Ingrid van de Vegte, FSP © Omrop Fryslân
Twongen troch ferlet fan in wenning, dogge jongeren it soms dan mar hielendal sels. Se bouwe in tiny house nei eigen ynsjoch.
We folgje Focco Duinstra, dy't it heft yn eigen hannen nimt en foar himsels in houten hús(ke) bout. Hy stelt net folle easken oan de romte, mar soe krekt dêrom mear frijheid krije wolle fan de gemeente dêr't hy syn hûs delsette wol.
Focco Duinstra bout syn eigen hûs © Omrop Fryslân