Freark Wijma folget it FK Fierljeppen: "Ik ferwachtsje in oanfal op it Frysk rekôr"

© Omrop Fryslân
Freegje de gemiddelde Fryske ljepper hokker priis hy it leafst winne wol, en it antwurd is steefêst: De Sulveren Pols. Dy priis foar dyjinge dy't op it FK yn Winsum de fierste sprong fan de dei delset. De haadpriis wie altyd foar in man. Sûnt 2016 is der ek in haadpriis foar de froulju: De Glêzen Ljepster. It FK Fierljeppen is sneon 20 augustus fan 13.30 oere ôf te folgjen by Omrop Fryslân.
Freark Wijma folget foar Omrop Fryslân de ljeppers en it FK Fierljeppen op 'e foet. Wy leinen him in pear fragen foar.
Wa binne de favoriten by sawol de manlju as de froulju?
"By de manlju liket Oane Galama de grutste kânshawwer. De twafâldich Frysk kampioen wûn dit seizoen seis fan de 19 wedstriden. Rutger Piersma wûn fjouwer deititels. Ysbrand Galama is de klassemintslieder en ljept dus gemiddeld it fierst. Sytse Bokma makke de fierste sprong fan it seizoen: 21.13 meter. Wisse Broekstra is lykwols in gefaarlike outsider foar de titel: de junioar ljepte dit seizoen al fjouwer kear fierder as alle senioaren.
By de froulju is Marrit van der Wal de te klopjen frou. De nasjonaal rekôrhâlder (18.19 m) wûn acht deititels, en pakte ek de titel op de NFM. Tessa Kramer is de grutste konkurrint mei fjouwer deititels, en Kramer is boppedat lieder fan it klassemint.
Mar dé ferrassing fan dit seizoen ljept by de famkes: Hanneke Westert (16) út Snits ferbettere it Nederlânsk famkes-rekôr nei 16.78 meter en soe dus samar de Glêzen Ljepster winne kinne."
Hanneke Westert © Dijks Media
Hoe soest dit seizoen oant no ta bestimpelje?
"De manlju ljeppe hiel wikselfallich, en de echte topsprongen binne op ien hân te tellen. Dochs komt by in oantal de foarm der oan en ferwachtsje ik op it FK in oanfal op it Frysk rekôr. By de foulju is Marrit van der Wal de iennige dy't oer de 17 meter ljept hat. Mar op in mindere dei binne der sa trije as fjouwer kandidaten om de titel oer te nimmen."
Winsum is tradisjoneel it toaniel foar it FK. Wat kinst sizze oer de skânsen en de omstannichheden der?
"De akkommodaasje is tiptop foar inoar, der leit in prachtich flak sânbêd yn. Alle betingsten binne der om wer hiel fier te springen. De waarberjochten lykje goed oant no ta mei in noflike temperatuer en net al te folle wyn."
Binne der ljeppers dy't krekt yn Winsum altyd goed binne? Of dêr wat mear kinne?
"Ja, Nard Brandsma is faak op syn bêst op it FK. Hy hat al trije kear de Sulveren Pols wûn en ek it Frysk rekôr (21.68 m) yn Winsum delset. Ek Oane Galama is faak goed yn Winsum. (twa Fryske titels). By de froulju Marrit van der Wal geweldich op dreef: sûnt 2014 wist sy al fjouwer kear kampioen te wurden. Se hat it FK-rekôr op 16.63 meter delset."
Ast nei de útslaggen fan it FK sjochst, dan sjochst dat de sport noch hieltyd yn ûntwikkeling is. Wat wurdt de ôfstân dit jier?
"Ik gean der fan út dat de kampioen oer de 21 meter ljeppe moat. By de optimale sprong, dus rjocht oer en yn it topke mei útsprong, kinne se yn de buert fan de 22 meter komme. By de froulju tink ik dat de 17 meter helle wurde kin.
Dy ûntwikkeling falt te ferklearjen. Der wurdt hieltyd better traind, de skânsen (Drylts en It Heidenskip binne fernijd) wurde better en de konkurrinsje jaget inoar op nei in heger nivo."
Ferrint dy progresje gelyk wat manlju en froulju oanbelanget?
"Ja, en it is opfallend om te sjen hoe maklik de jeugd oanheakket op it heechste nivo. Se begjinne hieltyd jonger mei it ljeppen, en op de jeugdskânsen lizze se de basis foar in goeie technyk."
De toppers besykje no al fiif jier it nasjonaal rekôr te ferbetterjen.
Freark Wijma
Binne der tsjintwurdich mear goede springers as foarhinne? Hoe ferklearrest dat?
"Der binne folle mear ljeppers kaam. Neist de earste klasse is der no ek in twadde en sels tredde klasse, en it tal jeugdleden oant 12 jier groeit elk jier. De earste jeugdtopperkes binne al te sjen op heechste nivo: Rutger Haanstra wie yn 2015 Nederlânsk kampioen jonges o/m 12 jier, en Hilde van der Weij waard yn 2018 kampioen by de famkes o/m 12."
It nasjonaal rekôr stiet op 22,21 meter. Dat is fan in Hollanner, Jaco de Groot. Wannear sjogge wy yn Fryslân in sprong oer de 22 meter?
"Ik hoopje fansels sneon op it FK. Mar it soe ek samar kinne op it NK yn Linschoten, op 3 septimber. Dy 22-meter grins is lykwols noch mar ien kear helle, yn 2017 yn Zegveld. Dus de toppers besykje no al fiif jier dat te ferbetterjen."
Sitte der by de jeugd springers dy't de sport yn de kommende jierren fierder bringe kinne?
"Der komt wer in prachtige lichting oan! Ferline wike wie yn Drylts it 10e Jeugd FK, en ik kin hast net wachtsje om dy toppers oer in pear jier op it heechste nivo te treffen!"
De Sulveren Pols is de wikselpriis fan it FK. De ljepper dy't Sulveren Pols trije kear op rige wint, of fiif kear yn totaal, mei de trofee hâlde. Datselde jild sûnt 2016 foar de Glêzen Ljepster.
Dat is lykwols mar in pear ljeppers slagge. By de manlu wienen it Roel Bokke Span, Gerhard Vlieger, Rimmer Abma en Bart Helmholt dy't dit foar inoar krigen. Span en Helmholt sels twa kear. De Glêzen Ljepster wachtet noch op dy primeur.
De winnners op it FK Fierljeppen 2021 © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Op it FK wurde fiif Fryske titels ferdield. By de manlju, froulju, junioaren, jonges en famkes (sûnt 2015) komme fiif kampioenen.
De titelferdigeners fan 2021 binne Nard Brandsma (21.29 m), Marrit van der Wal (16.24 m) en junioar Rutger Haanstra (19.43 m). By de jonges en de famkes wienen dat Germ Terpstra (17.69 m) en Inger Haanstra (13.95 m) Dy lêste twa titels komme dit jier yn oare hannen, want Germ en Inger binne yntusken oer nei de junioaren de froulju.

Skânsrekôrs Winsum

Katergory Namme Ofstân Jiertal
Manlju Nard Brandsma 21.68 m 2019
Froulju Marrit van der Wal 16.63 m 2019
Junioaren Sytse Bokma 19.91 m 2015
Jonges Wytze Steensma 18.42 m 2020
Famkes Anna-Jet Leyenaar 15.81 m 2009
It FK Fierljeppen is hjoed, sneon 20 augustus, fan 13.30 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. It Fierljep Kafee, mei dêryn in foarbeskôging op de wedstriid, is hjir werom te harkjen.
In foarútsjoch op it FK fierljeppen