Fertochte fan ôffaldumping en blokkearjen A7 trije moannen langer fêst

De rommel wie ek yn 'e brân stutsen © ANP
In 31-jierrige man fan gemeente Westerkwartier moat sa'n trije moannen langer yn de sel sitte. Hy wurdt fertocht fan it blokkearjen fan de A7 by Fryske Peallen en Marum.
De fertochte moat 90 dagen langer foarriedich fêstsitten bliuwe, dat hat de riedkeamer fan de rjochtbank bepaald. Njonken de blokkaden op 28 july en 1 augustus wurdt de man ek fertocht fan brânstichting en it skeinen fan de Wet miljeubehear.
Njonken dizze man binne ek in man fan 20 fan De Gordyk en in man fan 19 út de Grinzer Pein oanholden. Sy soene ein july en begjin augustus rommel op de sneldyk delsmiten hawwe.