'Simmer yn Fryslân': kreatyf mei hout yn Boarnburgum

Simmer yn Fryslân: kreatyf mei hout yn Boarnburgum
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân wiene wy freed yn Boarnburgum. Ferslachjouwer Esther Dijkstra is op besite by Rolf Döderlein. Hy is keunster dy't op ynternasjonaal nivo mei syn kettingseage hout- en iisskulptueren makket.
Hy mei gin lawaai mear meitsje fan de buorlju. Hy brûkt dêrom in elektryske kettingseage.
Lykas ferline jierren is Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Moandei 22 augustus is Omrop Fryslân yn Bitgum - Bitgummole. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.