De Vos wint IFKS De Lemmer, mar de échte spanning sit yn de klassemintstop

De bemanning fan de Eelkje II fiert de winst © Omrop Fryslân, Andor Faber
Skipper Jeroen de Vos hat mei de Eelkje II de IFKS-wedstriid op De Lemmer wûn. Mar op de ien nei lêste syldei yn de Lemster Baai wie it foaral stuorkewikseljen tusken de nûmer ien, twa en trije yn it klassemint.
Der waard in olympyske baan syld. Dat wie earder op de dei noch ûnwis om't der net al te folle wyn stie, mar dy helle wer wat oan.

Magistrale start foar De Vos

Jeroen de Vos hie mei de Eelkje II in magistrale start: hy kaam mei gong oer de midden wei, it startskot hie gjin tel letter wêze moatten. Dêrefter folgen de Redbad fan Wietse Bandstra en yn de útskiten wyn dêrfan It Doarp Eastermar fan Geale Tadema. Sikke Heerschop moast op syn beurt op De Vos wachtsje.
De Sterke Jerke fan Pieter-Jilles Tjoelker keas in rûte efter it fjild oer stjoerboard. It kaam op in achtste plak te lizzen en lei dêrmei dochs twa plakjes foar de klassemintskonkurrint Sikke Heerschop.
Bandstra en Heerschop, de nûmers trije en ien yn it klassemint, kamen as twadde en tredde om de earste tonne.

Redbad makke in goede kar

Wa't goede saken die, wie Wietse Bandstra. Hy sylde de Redbad in oare kant út en gie earder troch de wyn. Trochdat er út in oare hoeke kaam hie er foardiel by de ûnderste tonne. De Vos kaam dêrtroch twadde te lizzen, folge troch It Doarp Eastermar en Us Heit fan Wytse Heerschop.
De Redbad kaam prachtich op gong en lei trije skûtsjelingten foar Jeroen de Vos. Wylst de oare skûtsjes oaninoar hongen as kladden, koe Bandstra frij de kopposysje pakke.
De Redbad fan Wietse Bandstra út Warkum © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Yn it foardewynse rak wie it lykwols de Redbad wer dy't foar de Eelkje II krûpte, troch rjocht te stjoeren. Dat betsjutte dat De Vos yn it krúsrak wer syn bêst dwaan moast. En dêrmei waard de top fan it klassemint bot oan it rekkenjen set, want ynienen wie it Wietse Bandstra mei de Redbad dy't firtueel op ien stean soe yn it klassemint.
Hartman Witteveen sylde mei Freonskip hielendal efteroan, sa't hy eins de hiele wike al die. De skûtsjes yn it middenfjild skoden byinoar.

De útslach fan de wedstriid by De Lemmer

Nûmer Skûtsje Skipper Punten
1. Eelkje II Jeroen de Vos 0,9
2. Redbad Wietse Bandstra 2
3. Us Heit Wytse Heerschop 3
4. It Doarp Eastermar Geale Tadema 4
5. Eeltje Baas Klaas Kuperus 5
6. Ingelskman Sikke Heerschop 6
7. Waaksdom Ulbe Zwaga 7
8. Ut en Thús Floriaan Zwart 8
9. 't Swarte Wief Jaap Hofstee 9
10. Sterke Jerke Pieter-Jilles Tjoelker 10
11. Lytse Lies Tony Brundel 11
12. Raerder Roek Sijmen Kalsbeek 12
13. Grytsje Obes Arjen de Jong 13
14. Ora et Labora Sietse Broersma 14
15. Jonge Jasper Froukje Osinga 15
16. Freonskip Hartman Witteveen 16
Nei in oere silen lei de Redbad noch krekt earste, folge troch Eelkje II, Us Heit, Eeltje Baas en It Doarp Eastermar. De Sterke Jerke fan Tjoelker sakke stadichoan wat nei it midden.
De Eelkje II fan Jeroen de Vos © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Dêrnei naam Jeroen de Vos it wer oer, wêrtroch't Wietse Bandstra wer twadde kaam te lizzen. Wytse Heerschop gie mei Us Heit earst in loefduel oan mei de Redbad en dêrnei mei de Eeltje Baas.

Sterke Jerke sakket nei 13e posysje

Nei De Vos, Bandstra, Heerschot en Kuperus folgen Geale Tadema, Sikke Heerschop, Ulbe Zwaga, Sijmen Kalsbeek, Floriaan Zwart, Jaap Hofstee, Tony Brundel en Arjen de Jong. Pieter-Jilles Tjoelker wie yntusken ôfsakke nei in 13e plak, allinnich noch folge troch Sietse Broersma, Froukje Osinga en Hartman Witteveen.
Om 15.45 hinne waard de finish der yn lein. Jeroen de Vos krige in geunstige wyn en de Redbad draaide mei him mei. Dêrtroch koe De Vos de deiwinst yn de bûse stekke.
Jeroen de Vos
"Machtig mooi", seit Jeroen de Vos. "We hadden er vertrouwen in dat we een goede uitslag konden behalen, maar het wilde gewoon nog niet."
De Vos ferklearre dat er benammen lêst hie fan Us Heit. "Wytse Heerschop ging de strijd met ons aan, hij dekte ons iedere keer af waardoor de Redbad lekker vrij kon zeilen."
By ien fan de tonnen wie mei Bandstra de ôfspraak makke gewoan troch te silen. "We hebben gezegd: laten we niet de strijd met elkaar aangaan. Want hij gaat voor het podium. Dus we hebben hem laten gaan en zijn met Wytse Heerschop de strijd aangegaan. Heerschop ging later fel in de aanval met Wietse Bandstra, dat gaf ons weer wat lucht."

It klassemint nei seis wedstriden nei ôftrek fan it minste resultaat

Nûmer Skûtsje Skipper Punten
1. Ingelskman Sikke Heerschop 16,9
2. Redbad Wietse Bandstra 18
3. Sterke Jerke Pieter-Jilles Tjoelker 18,9
4. It Doarp Eastermar Geale Tadema 25
5. 't Swarte Wief Jaap Hofstee 30,9
6. Lytse Lies Tony Brundel 33,9
7. Eeltje Baas Klaas Kuperus 34
8. Ut en Thús Floriaan Zwart 34
9. Eelkje II Jeroen de Vos 35,9
10. Us Heit Wytse Heerschop 40
11. Jonge Jasper Froukje Osinga 45
12. Ora et Labora Sietse Broersma 47,9
13. Waaksdom Ulbe Zwaga 48
14. Raerder Roek Sijmen Kalsbeek 53
15. Grytsje Obes Arjen de Jong 53
16. Freonskip Hartman Witteveen 76
Sikke Heerschop is mei de Ingelskman klasseminstlieder, mar noch wol nipt. "Ik hie it leaver oars sjoen, dy spanning. Ik tink dat ik aanst mar nei de apoteek moat foar wat falium, ik moat om it hert tinke."
Heerschop stiet op 16,9 punten, Wietse Bandstra op 18 punten en Pieter-Jilles Tjoelker mei 18,9 punten. "Spannender as dat kinne je it net meitsje, noch trije kandidaten. Dat is foar it publyk machtich moai. Foar ús minder, dat wurdt senuwen en min sliepe."

De oare klassen

Hille Wichers sylde mei Tiid sil't leare nei it earste plak yn de lytse-A. As twadde kaam Sander Meeter mei de Vriendschap oer de streek, folge troch De Reuzen fan Andries Brouwer.
De dei-oerwinning yn de B-klasse wie ferrassend in proai foar Tim Roosgeurius mei Wâldwiif. Skipper Bas Krom en de Verwisseling waarden twadde en it skûtsje Hoop op Zegen fan Mark de Koe waard tredde. Daan van der Meer fan Westenwind hie freed in wat mindere dei en waard sânde, mar hy giet noch wol rom oan de lieding yn it klassemint.
Yn de C-klasse gie de oerwinning op De Lemmer nei Jelle Los mei Grutte Pier. Frije Fûgel fan skipper Jeroen Mous waard twadde en it tredde plak gie nei Olphert van der Pol mei Ebenhaëzer. Age Bandstra mei Frya Fresena, dy't freed fjirde waard, giet oan de lieding yn it klassemint.
Folgje de IFKS by Omrop Fryslân. It ferslach fan de wedstriid fan de A-klasse bringe we op de radio en fansels is de útslach te lêzen op ús webside en app.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.