Earst jage rein de boel yn ‘e bulten, no sit drûchte jierappelboeren dwers

Jierappelboer Fokke de Jong fan Ternaard © Omrop Fryslân
Ierappelboeren hawwe bot lêst fan de drûchte op dit stuit. Se wolle graach de ierappels dolle, mar de drûge grûn stiet dat net ta. De kluten binne te hurd en soene de ierappels skansearje as de dolmasine oer it lân giet.
"It is hiel ferfelend, mar we moatte noch geduld hawwe", seit Fokke de Jong. Hy is jierappelboer yn Ternaard. Hy hat 65 bunder fol jierappels mar dy sitte allegear noch yn 'e grûn.

Rein mar in drip op in gleone stien

Gewoanwei hie De Jong al lang mei de dolmasinen op it lân west, mar it is wachtjen op mear rein. "It hat in milimeter as seis, sân reind, mar dat is in drip op in gleone stien. Dat jout neat. De boppegrûn wurdt in bytsje sêfter, mar dat ferdampt likehurd wer troch de sinne."
Oan de jierappels sels leit it net. "It produkt is prachtich moai, dêr kinne wy grutsk op wêze. Mar om it sa te hâlden moatte wy in milimeter as 25 rein hawwe om se feilich út de grûn te heljen."
Ierappelboeren wachtsje op rein, want it is te drûch om te dollen
De Jong bûget en lûkt wat út de grûn. "Ik dolje der in lôf jierappels út, mar de kluten brekke der omhinne wei. Dat kin sa net mei de dolmasine, want dan skansearje de jierappels. Dat wolle je net, it produkt moat net stikken."

"Aanst plankgas"

In jierappel kin wol efkes yn de grûn sitte, mar úteinlik hearre sy út de grûn. "Dan kinne je it wer ferpakke, transportearje en yn de automaat sette. Wy steane te trappeljen. Wy geane derfoar as it safier is, en dan plankgas", seit De Jong.
Je witte ek net wat it waar docht yn septimber, seit de boer. It kin ferkeare, want ferline jier yn maaie wie de situaasje krekt oarsom: de bougrûn wie ien grut sompegebiet. Doe stiene de jierappels fan De Jong noch ûnder wetter omdat it sa bot reinde.
Troch de delslach like it jierpelfjild wol in swimbad en rekken de boeren efter op skema. Ferline jier siet de rein dwers, no de drûchte. "En sa ha je altyd wat, mar it komt goed.
Boer Fokke de Jong