Psy-Fi festival yn de Griene Stjer by Ljouwert fan de baan: "Tranen in onze ogen"

Psy-Fi © Omrop Fryslân
It dancefestival Psy-Fi yn de Griene Stjer by Ljouwert kin net trochgean. De rjochter hat de omjouwingsfergunning dy't de gemeente Ljouwert ferliend hie, ferneatige.
Neffens de rjochter is de fergunningsproseduere net goed tapast, omdat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders it ûntwerpbeslút net opnij 'ter inzage' lein hat nei't der grutte oanpassingen yn oanbrocht wiene.
Stichting Groene Ster Duurzaam hie beswier oantekene tsjin de fergunning foar it festival. Neffens de stichting past Psy-Fi net yn de Griene Stjer en botst it mei de natuerbelangen yn it gebiet.
Streek troch Psy-Fi festival
Psy-Fi soe fan 14 oant en mei 18 septimber hâlden wurde. De organisaasje fan it festival is bot teloarsteld yn it beslút fan de rjochter. "We hebben de tranen in de ogen staan met zijn allen. We hadden er veel vertrouwen in dat het goed zou komen", seit Pieter Spoelstra fan Psy-Fi. "We hadden samen met de gemeente echt alles uit de kast gehaald om het dit jaar te laten doorgaan."
Der wiene al sa'n 10.000 kaarten ferkocht en dêrmei wie it festival hast útferkocht. "Die 10.000 komen van over de hele wereld, 14 nationaliteiten, dus ze komen van ver. Heel veel kaarten waren nog uit de coronatijd en nu mogen ze weer niet komen. Dat is wel heel erg droevig." Minsken kinne it jild fan de kaartsjes weromkrije, seit Spoelstra.
Wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert is ek teloarsteld. "Het is een klap in het gezicht van natuurlijk de organisatie, maar ook van de festivalbezoekers. En het is ook een knauw voor de culturele ambities van de gemeente Leeuwarden."
Groene Ster Duurzaam fynt de útspraak terjochte. Neffens Theo van Gelder fan dy stichting hat de rjochter de gemeente Ljouwert der foaral op wiisd dat der yn it ferline útspraken dien binne by de rjochtbank dy't net neilibbe binne. Dit wylst it kolleezje dat sa wol oan de ried ferkundige. Dêrtroch wie der neffens Van Gelder net folle kûlantens by de rjochter foar de gemeente.

Ek streek troch lûdsûntheffing

Neist de streek troch de omjouwingsfergunning is ek de ferliende lûdsûntheffing ferneatige troch de rjochter.
De organisaasje fan Psy-Fi hie berop oantekene tsjin it ferbod yn de evenemintefergunning op it ferkeapjen fan gniisgas op it festival. De rjochtbank jout de gemeente dêryn gelyk en hat it berop fan tafel fage.
Earder sette de rjochter al in streek troch it festival Welcome to the Village op de Griene Stjer. Dat waard dit jier nei de binnenstêd fan Ljouwert ferpleatst. Soks kin foar Psy-Fi net, stelt Pieter Spoelstra. "Wij kunnen niet naar de binnenstad. Het gaat nou juist om die Groene Ster, die is zo mooi en zo prachtig. Daar is water, lucht, aarde en vuur. Alle elementen zijn daar voor een mooi feest."

Oanpassing bestimmingsplan

De gemeente Ljouwert wol it bestimmingsplan fan it gebiet no oanpasse, sadat it wol tastien is om der eveneminten te organisearjen. Wethâlder Kuiken: "Deze hele systematiek fan elk jaar weer veel vergunningen moeten aanvragen voor de Groene Ster, daar willen we van af." Kuiken wol it plan yn de hjerst foarlizze oan de gemeenteried.
De fraksje fan LIJST058 hat freed fragen steld oer de útspraak fan de rjochter om de omjouwingsfergunning fan Psy-Fi te ferneatigjen. De partij wol ûnder mear fan it Ljouwerter kolleezje fan B en W witte oft it yn de takomst noch mooglik is om in festival te organisearjen yn de Griene Stjer.

Petysje

In online petysje mei de oprop om it Psy-Fi festival dochs trochgean te litten, is yntusken mear as 795 kear ûndertekene.