Fertochte fan sedesaak yn trein Bûtenpost-Grins meldt him by de plysje

In trein fan Arriva © ANP
Op it plysjeburo fan Grins hat in man him meld dy't fertocht wurdt fan it skeinen fan de goede seden yn de trein tusken Bûtenpost en Grins. In 22-jierrige frou waard dêr it slachtoffer fan.
Neffens de plysje foldocht de man oan it sinjalement. Hy soe in wite hûdskleur hawwe en op syn gesicht in tatoeaazje fan in spin. De man is ûnderfrege en bliuwt fertochte yn it ûndersyk nei de sedesaak. Der wurdt proses-ferbaal tsjin him opmakke, seit de plysje.
Op tongersdeitejûn 28 july befredige de fertochte himsels yn de trein, wylst er tsjinoer de frou út Grins siet. De frou koe pas op 11 augustus, twa wiken letter dus, by de plysje terjochte om oanjefte te dwaan. De kamerabylden fan Arriva, dy't mar 72 oeren bewarre wurde, binne dêrtroch net mear te efterheljen.