GrienLinks Weststellingwerf wol dat it kolleezje mei alle boeren om tafel giet

Fraksjefoarsitter Gaby Thijssen © GroenLinks Weststellingwerf
De GrienLinks-fraksje yn Weststellingwerf wol dat it gemeentebestjoer mei álle boeren yn de gemeente praat oer de stikstofkrisis. De fraksje stelt foar dat it kolleezje boeren stik foar stik útnûget foar oerlis.
By dy oerlizzen soene alle eleminten yn kaart brocht wurde moatte dy't by it 'nije buorkjen' hearre, sa't GrienLinks de lânbou fan de takomst neamt. De fraksje skriuwt dit yn in reaksje op it kolleezjeprogramma.
Om it betrouwen yn de polityk werom te krijen soe bettere kommunikaasje krúsjaal wêze. In boargerberied soe dêr ek by helpe kinne, tinkt GrienLinks. Ek fynt de opposysjepartij dat Weststellingwerf miljeufreonlike en sirkulêre foarmen fan lânbou mear stimulearje moat.
It kolleezje wurdt foarme troch de VVD, CDA, Weststellingwerfs Belang en Sociaal Duurzaam Weststellingwerf. GrienLinks hie ek wol in wethâlder leverje wollen, mar de foarkar fan de earste trije partijen lei by SDW (yn 2017 ûntstien as fúzje tusken de PvdA, Weststellingwerf Natuurlijk en Vrijheid voor Allen).