CDA Fryslân fynt ek dat stikstofdoel net hillich is: “CDA moet kleur bekennen”

Waarnimmend CDA Fryslân-foarsitter Caroline de Pee © Omrop Fryslân
CDA Fryslân stiet efter de útspraken fan lanlik partijlieder Wopke Hoekstra. Dy sei dat it kabinetsdoel om de stikstofútstjit yn 2030 mei de helte werom te bringen 'net hillich' is.
"Ik vind dat het CDA kleur moet bekennen en dat we duidelijk moeten aangeven hoe we er in staan", seit Caroline de Pee as waarnimmend foarsitter fan CDA Fryslân.
It soe in brek mei it lanlike koälysje-akkoart betsjutte, dat mar muoisum ta stân kaam. "Maar de tijden zijn wel degelijk veranderd, ten opzichte van toen het regeerakkoord is opgesteld", fynt De Pee.

Hoekstra wol 'herstart'

Wopke Hoekstra wol in 'herstart' fan in proses, sa sei hy yn in ynterview mei it AD. As it op guon plakken langer duorret om de doelen te heljen, moat dy tiid naam wurde.
Wopke Hoekstra efter it sprekstuolte op it CDA-kongres © ANP
Hoekstra wiist op de ympasse: "We zijn nu een paar maanden bezig en wat is het resultaat? Impasse. Ik ben dankbaar dat Johan Remkes probeert de boel vlot te trekken, maar daarmee zijn we er niet."
Neffens Hoekstra jout it CDA gjin belies oan de druk fan de boeren, it soe just in 'positieve stap naar voren' wêze.
Je mag nooit zwichten voor rare protesten die er geweest zijn. Maar het is natuurlijk wel een eye-opener.
Caroline de Pee
"Je mag nooit zwichten voor rare protesten die er geweest zijn," seit De Pee yn reaksje. "Maar het is natuurlijk wel een eye-opener."
De Pee hat de wurden fan Hoekstra ek heard. "Volgens mij is zijn boodschap: laten we de verbinding met de samenleving weer herstellen, inclusief onze agrariërs. Er moet een totaalplan op stikstofproblemen komen." De Pee fynt dat der te iensidich nei de lânbou sjoen wurdt.

'2030 kleeft tefolle oan it kaartsje'

De datum is in te grutte tûkelteam, fynt De Pee. "Die datum van 2030 kleeft zo aan het kaartje dat eerder in de wereld werd gegooid, dat helemaal verkeerd is gevallen. En terecht. Dus laten we eerst met een totaalplan komen en dan realistische doelen stellen."
Mooglik slagget it yn guon parten fan it lân ek wól om 2030 te heljen, seit De Pee. "Maar het is al over acht jaar, dus het is al snel."
Al yn july lieten de Fryske CDA-ôfdielingen yn in brânbrief oan de partijtop al witte dat sy it stikstofplan werom nei de tekentafel wolle. De plannen hawwe de provinsjes en de agraryske sektor oerfallen, fynt CDA Fryslân.

De Groot (D66): ôfspraken bliuwe stean

D66-Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot fan Wâldsein is lykas syn fraksjefoarsitter Jan Paternotte fan betinken dat de ôfspraken stean bliuwe.
D66-Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot © ANP
De partij jout oan dat der net foar neat yn it koälysjeakkoart ôfpraat is dat de doelen yn 2030 helle wurde moatte, en net yn 2035. Dat is wichtich, seit D66, om't it min mei de natuer giet troch de stikstofproblemen.

Rutte: 'Steatsrjochtlik op it rântsje'

Mei de útspraken brekt it CDA mei de ôfspraken yn it koälysje-akkoart. Neffens premier Mark Rutte die it de 'wenkbrauwen rijzen' yn de koälysje. Der is fuortendaalks oer belle.
Neffens Rutte binne de útspraken fan Hoekstra steatsrjochtlik sjoen op it rântsje. Hoekstra is vicepremier en minister fan Bûtenlânske Saken. In lid fan it kabinet kin gewoanwei net samar sokke útspraken dwaan. Mar Hoekstra is ek partijlieder, dus hy hat ek romte om him partijpolityk te uterjen.
Premier Rutte reagearret op de útspraken fan Hoekstra © ANP
Rutte woe net reagearje op de kwestje fan it tiidpaad, om it proses mei stikstofbemiddeler Johan Remkes de romte te jaan.

Reaksjes

Boere-aksjegroep Agractie fynt it in stap yn de goede rjochting en tinkt dat it Hoekstra te hjit ûnder de fuotten wurdt. Ek LTO is der wiis mei. Greenpeace is as miljeu-organisaasje just lilk, neamt it 'synyske polityk' en wiist op it feit dat de reduksje fan de rjochter sawiesa helle wurde moat.