Negatyf swimadvys by De Lemmer wer opheft: wetterkwaliteit ferbettere

It strân fan De Lemmer © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It negative swimadvies foar it Lemsterstrân is wer opheft. Yntusken is de wetterkwaliteit wer sa ferbettere dat minsken neffens de FUMO wer feilich swimme kinne op De Lemmer.
Tiisdei waarden op De Lemmer safolle baktearjes yn it wetter fûn, dat swimme net ferstannich wêze soe. De provinsjale kontrôle-ynstânsje FUMO wie ta de konklúzje kaam dat it tal baktearjes boppe de tastiene noarm lei. Dêrtroch soene swimmers ferfelende mage- en termklachten oprinne kinne.