Farrend bosk oankaam yn Akkrum: "Begjin fan in grien doarp"

It farrend bosk is oankaam yn Akkrum © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It farrend bosk mei beammen fan it Arcadia-projekt Bosk út Ljouwert is oankaam yn Akkrum. Tsientallen ynwenners stiene tongersdeitejûn op de wâl om de ponton mei dêrop 75 kisten binne te heljen. "Dit is dochs geweldich, dit gebeurt mar ien kear."
Neffens Kees de Boer fan de organisaasje wie de reis fan 116 beammen út Ljouwert geweldich. "It wie prachtich, waarm waar. En je fernimme daliks dat beammen ynfloed hawwe op it klimaat en de omjouwing. It wie suver wat koel. It is dêrneist hiel ûnwerklik datsto op in skip mei allegear beammen farst."
Farrend bosk oankaam yn Akkrum
De Boer hopet dat it de start is fan in grien Akkrum. Fan de 75 kisten mei beammen bliuwe der fyftich yn it doarp. Se wurde freedtemoarn mei help fan boeren fan de ponton ôftakele en nei it sintrum fan it doarp brocht.

'Ik rekke ûntroerd'

Tusken de protte belangstellenden stie Wies Zwart om de beammen op te wachtsjen. "Ik fyn it prachtich. Ik wie lêst yn Ljouwert en seach al dy beammen op it Saailân. En ik wie sa ferrast, ik wie ynienen yn in oare sfear. Ik rekke ûntroerd. En dêrom fyn ik it sa bysûnder dat we it ek yn ús doarp Akkrum krije."
Neffens har is dat in goeie saak om't it doarp de lêste jierren in soad grien ferlern hat. "Moast ris sjen, dêr komt er oan, in driuwend bosk. It is hast net te leauwen. Dit sjogge je nea wer."