Wurksumheden oan Sintrale As útsteld fanwege Admiraliteitsdagen: 'Net by stilstien'

In part fan de Sintrale As is ôfsletten (argyf) © Provinsje Fryslân
De wurksumheden oan de Sintrale As (N356), dy't pland stiene tusken freed 2 en moandei 5 septimber, wurde útsteld. Dat hat deputearre Avine Fokkens befêstige.
Der wie ûnrêst ûntstien oer de wurksumheden om't se tagelyk wienen mei de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. De FNP yn de Provinsjale Steaten stelde dêrom fregen oan deputearre Fokkens. De provinsje hie de wurksumheden net trochjûn oan de gemeenten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel.
"Dit had absoluut beter gemoeten", seit deptuearre Fokkens. By it ynplannen wie oerlein mei Dantumadiel, sy soene it mei Noardeast-Fryslân opnimme, seit Fokkens. "Het laat onverlet dat wij als provincie zelf de telefoon hadden moeten pakken om Dokkum te bellen."
Amtlik waard tocht dat it regele wie. "Niemand heeft erbij stilgestaan dat het gekozen weekend ongelukkig was", sei Fokkens tongersdei oer de wurksumheden. Doe sei se al ta dat de dyk yn elk gefal net mear folslein ôfsletten wurde soe.
Nei in oerlis mei ûnder mear de oannimmer is freedtemoarn besletten alle wurksumheden út te stellen. It is net bekend wannear't de wurksumheden no plakhawwe.