Aksjefierders by Lomanhûs yn Beetstersweach om sloop foar te kommen

Aksjefierders pleatse stekken by it Lomanhûs yn Beetstersweach © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
In groep ynwenners fan Beetersweach fiert freedtemoarn aksje by it Lomanhûs oan de Haadstrjitte yn it doarp. De aksjefierders binne tsjin de sloop fan de âlde wenning en it atelier fan keunstner Jan Loman.
Loman, dy't ûnder mear it logo fan de Waadferiening ûntwurp, ferstoar yn 2006. It pân waard dêrnei kocht troch Baarsma Holding. De projektûntwikkeler wol de wenning no slope om der fiif appartemintegebouwen te bouwen.
Aksje tsjin sloop Lomanhûs yn Beetstersweach
It giet om in aksjegroep fan tusken de tweintich en tritich minsken, dy't symboalysk stekken om it pân set hat. De aksjefierders besykje de sloop mei harren aksje tsjin te hâlden. Se binne bang dat der kommende moandei, as de boufak ôfrûn is, begûn wurdt mei de sloop.

"Net kommunisearre"

"Der is al jierren út it doarp wei ûnrêst oer dit pân", seit Lieuwe Krol fan it boargerinisjatyf. "Der wurde fragen steld, ek oft de gemeente stypje kin mei it opknappen. Der is neat bard en no komt der in sloopmelding."
It Lomanhûs yn Beetstersweach © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Krol is net te sprekken oer it feit dat de gemeente neat publisearre hat. "Eltse wike stiet der yn de regionale krante in gemeenteside mei fergunningsoanfragen, fergunningsferlieningen en meldingen. Dit hat der net tusken stien."
Dêrtroch fiele de Sweachsters har oerfallen, seit hy. "Ek al hat de gemeente net de juridyske plicht, wy fine wol dat sy in morele plicht hawwe om mei it doarp te kommunisearjen."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Foarsitter Nardus Huiskes fan Stichting Historisch Beetsterzwaag fynt it spitich dat it hûs proai wurdt fan de sloophammer. "Dit pand is van 1906. Het diende als burgemeesterswoning en het is gebouwd in de stijl van die tijd. Wij vinden het dermate interessant dat het wel behouden zou moeten blijven."

Kultureel erfgoed

De aksjegroep fynt dat Baarsma Holding him skuldich makket oan it skeinen fan kultureel erfgoed. De wenning genietet lykwols net de beskerming fan in monumint, om't de gemeente Opsterlân gjin gemeentlike monumintelist opsteld hat.
Erfgoedferiening Heemschut Fryslân hat yn reaksje op de rebûlje oanjûn dat it heech tiid wurdt dat Opsterlân monuminten oanwiist.
De aksjegroep hat juridysk advys ynwûn en de gemeente en provinsje hawwe yntusken in fersyk ta it skorsen fan de sloop ûntfongen. Dêrneist is der in petysje opstart om de belutsen partijen op oare gedachten te bringen.
De gemeente Opsterlân lit skriftlik witte dat se de sloop net opkeare kinne, om't it gjin monumint is. Dat omwenners gjin oankundiging sjoen ha, kin klopje, sa stelt in wurdfierder yn dyselde reaksje. It is nammentlik net gewoan dy te publisearjen yn Opsterlân.
Fierder is ein dizze moanne noch oerlis mei omwenners. De gemeente seit dat de sloop pas ein dit jier plakfynt. De eigener fan it pân, Baarsma Holding, wie net berikber foar kommentaar.