Is der noch takomst foar festival Psy-Fi yn de Griene Stjer by Ljouwert?

Tsjustere loften boppe Psy-Fi © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De rjochter komt ien fan dizze dagen mei in útspraak oer de fergunningferliening foar festival Psy-Fi. Der is net folle tiid mear, want it festival stiet pland fan 14 oant en mei 18 septimber yn de Griene Stjer by Ljouwert en hat in lange opboutiid nedich.
Kultuerferslachjouwer Wendy Kennedy folget de festivals yn de Griene Stjer. Neffens har is it in belangrike útspraak. Mocht dy negatyf útfalle, dan wurdt it hieltyd lestiger om op koarte termyn in festival yn de Griene Stjer te organisearjen.

Wêr giet de rjochtsaak oer?

"Psy-Fi is it grutste festival dat holden wurdt yn de Griene Stjer. Tûzenen eksintrike besikers út de hiele wrâld komme nei Ljouwert foar it dancefestival. De gemeente moat alle jierren in fergunning ôfjaan foar Psy-Fi. Stichting Groene Ster Duurzaam wol it festival tsjinhâlde en freget de rjochter om in streek troch de fergunning te setten. Neffens de stichting past Psy-Fi net yn de Griene Stjer en botst it mei de natuerbelangen yn it gebiet. Op oare plakken yn de provinsje is genôch romte, seit Groene Ster Duurzaam. De stichting is oprjochte troch Theo van Gelder, dy't flakby it festivalterrein wennet."

Hoe grut is de kâns dat de rjochter in streek troch de fergunning set?

"Groene Ster Duurzaam soarge der ferline jier foar dat de fergunning foar it festival Welcome to The Village troch de rjochter ynlutsen waard. Gefolch wie dat it festival doe net yn de Griene Stjer holden wurde koe. It festival fûn dit jier plak yn de Ljouwerter binnenstêd."
Psy-Fi yn de Griene Stjer © Omrop Fryslân
"Neffens de rjochter hienen gemeente en provinsje stekken falle litten by it ferlienen fan de fergunning. Ek by de rjochtsaak tsjin de fergunning foar Psy-Fi hawwe tsjinstanners de rjochter op flaters yn de fergunning wezen. Dus it soe samar kinne dat de rjochter op 'e nij in streek troch in fergunning set fanwege flaters dêryn."

Betsjut dat de ein fan de festivals yn de Griene Stjer?

"Ek Welcome to The Village sjocht mei grutte belangstelling nei dizze saak. As de útspraak negatyf útfalt, komme se net wer werom nei de Griene Stjer. Psy-Fi drige yn 2019 al om Ljouwert te ferlitten. De fergunningen binne yn de ôfrûne jierren ferfjouwerfâldige en kostje no 50.000 euro it jier, sa liet de organisaasje doe witte. Se hawwe doe petearen mei de gemeente It Hearrenfean hân, mar sleaten doe ek net út Fryslân en miskien sels Nederlân te ferlitten."

Hoe stiet de gemeente deryn?

"Gemeente Ljouwert is grut foarstanner fan de festivals. Se fine dy in belangryk ûnderdiel fan de kulturele sektor. En ekonomysk smite se in soad op. Op festival Psy-Fi komme bygelyks 12.000 minsken ôf, dêr't de middenstân en oare ûndernimmers flink fan profitearje. Dochs slagget de gemeente der mar net yn om it goed te regeljen mei de fergunningen. De juridyske striid hat de gemeente yntusken ek al flink wat jild koste."

Hoe lang spilet dit al?

"Welcome to The Village fûn yn 2013 foar it earst plak yn de Griene Stjer. Psy-Fi folge yn 2014, harren earste edysje wie yn 2013 yn Grins. En der binne hast alle jierren rjochtsaken tsjin de fergunningen. Yn it begjin gie it foaral oer de lûdsoerlêst. Festivals hawwe hjir oanpassingen foar dien. Sa wie Psy-Fi yn de begjinjierren 24 oeren deis, mar hjir kaam al gau in ein oan. Uteinlik is de eintiid tolve oere nachts wurden. No geane de rjochtsaken mear oer de natuer en oer flaters yn prosedueres."

Wat sjocht de gemeente as oplossing?

"Yntusken is de gemeente Ljouwert al jierren dwaande om de juridyske striid tsjin de festivals definityf op te lossen. Dat wol de gemeente dwaan mei it oanpassen fan it bestimmingsplan. Dat betsjut dat der net alle jierren wer nije fergunningen ôfjûn hoege te wurden dêr't minsken tsjin yn beswier komme kinne. Dat kin dan ien kear: by it definityf meitsjen fan it bestimmingsplan en dêrnei is it klear. Dit plan rint al jierren fertraging op, mar der liket no skot yn de saak te kommen. Fan it hjerst wurdt it bestimmingsplan yn de gemeenteried behannele."