Crowdfunding foar ôfbrând garaazjebedriuw Surhústerfean hellet al mear as 13.000 euro op

De brân yn Surhústerfean © ProNews
In crowdfundingsaksje foar in garaazjebedriuw yn Surhústerfean dat ferline wike ôfbrânde, hat freedtemoarn al mear as 13.500 euro ophelle.
It folsleine bedriuw gie dêrby ferlern. Allinnich inkelde auto's dy't bûten stienen, koenen noch rêden wurde.
De eigeners fan it bedriuw wienen net goed fersekere en krije dêrtroch it grutste part fan de skea net fergoede. Dêrom is der troch famylje en freonen in crowdfundingsaksje opset.

Net mei opsetsin

"Dat is fansels net mei opsetsin gebeurd. Se tochten dat it oars wie", seit Hein Hoogsteen, de broer fan ien fan de ûndernimmers, oer it gebrek oan in fersekering.
"It wichtichste is dat de manlju sa gau as mooglik wer oan de slach kinne. Se hawwe beiden in gesin. Der moat wer jild binnenkomme", seit Hoogsteen.
It doel fan de crowdfundingsaksje is 50.000 euro.