Wergea fiert it '600-jierrich bestean' mei festiviteiten en in doarpsreüny

It doarp is drok yn 't spier © LEO Middelsé
It doarp Wergea bestiet dit jier 600 jier. Alteast, de namme dan. Foar it doarp reden genôch om tsien dagen lang feest te fieren, mei in doarpsreüny as hichtepunt.
De âldste fermelding fan it doarp komt út it jier 1422. Wergea waard doe noch skreaun as 'Warraga.' Dy earste kear dat Wergea neamd waard, is no seishûndert jier lyn.
Freed sette de jubileumfestiviteiten útein en foarsitter Jelle Dijkstra fan de organisearjende wurkgroep Wergea 600 kin der suver net op wachtsje. "Wat stiet der nét te gebeuren? Wy hawwe wolris in bytsje op ús tiennen rûn, mar no't it tichtby komt, binne wy der echt oan ta. Wy hawwe der nocht oan."

Ald-Wergeasters binnenhelje

Dijkstra hat grutte ferwachtingen fan de doarpsreüny. "Wy hoopje dat der in fracht minsken op ôf komt. De tagong is fergees, ik tink dat it stoarm rinne sil mei âld-Wergeasters. Tûzenen, hoopje wy. Dat kin in prachtich feestlik barren wurde."
Om de âld-ynwenners in waarm wolkom te jaan, is der in soad omtinken foar de oanklaaiïng fan it doarp. Sa binne de strjitten mei flaggen fersierd. Ek hawwe ferskate groepen froulju dwaande west mei makramee en planten. Dêrmei tsjoene sy bushokjes om ta in smûke húskeamer.
"Wy binne fan doel om moetingsplakjes te meitsjen foar de reünisten dy't takom sneon in besite oan Wergea bringe", leit Jeltje Kalsbeek út. "Sa kinne sy har yn lytse groepkes weromlûke om noflik mei-inoar yn petear te gean.