IFKS-sjoernaal út Ychtenbrêge wei: "We leinen hielendal foar dea"

It IFKS-sjoernaal fan tongersdei 18 augustus
Pieter Jilles Tjoelker pakte yn Ychtenbrêge syn alderearste oerwinning yn de A-klasse fan de IFKS-silerij. Yn dizze edysje fan it IFKS-sjoernaal sjogge we werom op de wedstriid op De Tsjûkemar, dy't foar in grut part bepaald waard troch in gebrek oan wyn.
Ferslachjouwer Andor Faber prate ek mei ûnder oare skipper Henk Regts fan it B-klasse skûtsje De Trije Doarpen, dy't in thúswedstriid sylde.
Folgje de IFKS by Omrop Fryslân. It ferslach fan de wedstriid fan de A-klasse bringe we op de radio en fansels is de útslach te lêzen op ús webside en app.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.