Gefolgen lege wetterstân ek yn Fryslân fielber: "Transportprijzen de lucht in"

Binnenfeartskippen © Omrop Fryslân
De lege wetterstannen yn de Europeeske rivieren soargje foar in flinke fersteuring yn it transport fan binnenfeartskippen. Tongersdei waard yn de Rijn it leechste nivo ea metten, en dat hat ek syn wjerslach yn Fryslân.
Problemen op de farrûten sels binne der hjir noch net, seit Siegfried Kingma fan transportbedriuw Water-Land yn Frentsjer. "In Friesland hebben we geen last van die droogte. Als een schip in Harlingen geladen wordt met bestemming Drachten of Schuilenburg, dan kunnen die schepen net zo diep laden als anders."
Ek yn bygelyks it Prinses Margrietkanaal kinne skippen noch fol ôfladen wurde. Dochs fernimme skippers ûnderweis nei Fryslân wol wat fan it lege wetterpeil. Se nimme in oare rûte en kinne soms minder fracht ferfiere as oars.
De lege wetterstân hat ekonomyske gefolgen
"In het weekend lagen we in Dordrecht. Als we een uur verder zouden varen naar Gorkum, dan zouden we de bodem raken", fertelt in skipper, dy't mei nôt by it fabryk fan Royal Koopmans yn Ljouwert leit.
De ekonomyske gefolgen fan it lege wetterpeil sille ek yn ús provinsje field wurde. "Schepen kunnen minder vracht meenemen. Dat betekent dat je voor dezelfde vracht veel meer schepen nodig hebt", seit Kingma.

Prizen omheech

Trochdat der mear skippen nedich binne, giet de transportpriis omheech. Neffens Kingma giet it soms sels om in ferseisfâldiging. "De prijs per ton schiet behoorlijk de lucht in." Dy kosten wurde yn in soad gefallen trochberekkene oan de konsumint.

Klaas Kattouw fan Koninklijke Binnenvaart Nederland neamt de situaasje soarchlik, mar seit ek dat der net in soad oan te dwaan is. "Ik kan niet garanderen dat er geen bedrijven zijn die omvallen. Dit zijn periodes, het gaat op en neer. Als het water straks stijgt, kun je weer een heleboel opvangen."