'Simmer yn Fryslân': Eastersee hinget op 'e kop

'Simmer yn Fryslân': Eastersee hinget op 'e kop
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân wiene wy tongersdei yn Eastersee. Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort giet efkes te kladderjen by de survivalbaan yn Eastersee.
Lykas ferline jierren is Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Freed 19 augustus is Omrop Fryslân yn Boarnburgum - Koartehimmen. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.