Tresoar fynt bysûndere stikken fan legindaryske skaakpartij Fischer-Spassky

Otto Kuipers mei de herte- en skoppe-aas mei de hantekens fan Fischer en Spassky © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Yn Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar iepenet freed in útstalling mei materiaal fan de legindaryske skaakwedstriid fan presys in heale iuw lyn tusken de eksintrike Amerikaan Bobby Fischer en Russysk wrâldkampioen Boris Spassky.
Op Yslân kamen se midden yn de Kâlde Oarloch tsjinoer inoar te stean yn in twakamp. De wedstriid waard sels de 'match fan de iuw' neamd.
Yn in doaze materiaal dat Tresoar krigen hat fan de Keninklike Biblioteek, omdat se ek tinksportsintrum binne, ûntdutsen se spylkaarten mei de orizjinele hantekens fan de skakers. It kaartspul is spesjaal makke foar de twakamp.
Bysûndere stikken fan legindaryske skaakpartij fûn
Otto Kuipers hat de útstalling gearstald mei njonken it kaartspul, boeken en oar materiaal. "We hawwe in seleksje makke fan boeken, want dizze match is de twakamp dêr't it meast oer skreaun is", seit Kuipers.
"We ha in skaakboerd stean mei stikken sadat minsken sels in spul spylje kinne. En we ha in boerd mei in krúsjale stelling út de trettjinde partij fan Spassky tsjin Fischer dêrop. Yn earste ynstânsje like dat remize te wurden, mar úteinlik ferlear Spassky dochs."
Krantefoto op de útstalling fan Spassky (links) en Fischer oan it skaken yn de 'match fan de iuw' © Tresoar
Der is ek in Ljouwerter Krante ts sjen, dêr't út bliken docht hoe eksintryk Fischer wie. Hy gie allinnich nei Yslân doe't hy in soad jild oanbean krige en Amerikaansk minister fan Bûtenlânske Saken Henry Kissinger him dêrta oansette.

Swimbad foar him allinnich

Fischer stelde grutte easken by de wedstriid. Sa woe hy it swimbad fan it hotel allinnich foar himsels hawwe. Krekt lykas de iennige tennisbaan fan Reykjavik. Fischer is yn 2008 op Yslân ferstoarn en dêr leit hy ek begroeven. Spassky libbet noch en wennet no yn Moskou.
Freed is eltsenien wolkom op de offisjele iepening fan de útstalling. Ald-Nederlânsk kampioen Eddy Scholl komt wat fertellen oer syn oantinkens oan de twakamp. Hy hat sels noch tsjin Spassky spile.
It kaartspul en oare saken binne oant 1 septimber te sjen is yn Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert.