Omstanners helje man fan it spoar yn Ljouwert: 'Ik woe allinnich push-ups dwaan'
Omstanners hawwe woansdeitejûn op de Schrans yn Ljouwert in 28-jierrige man fan it spoar helle. Doe't de plysje oankaam joech de man oan dat er allinnich mar push-ups dwaan woe.
De man hat in proses-ferbaal krigen fanwegen iepenbiere dronkenskip.
It is net bekend hoefolle push-ups oft de man dien hat.