70-jierrich jubileum en in nije lokaasje foar de Fokdag fan 'Het Friese Paard'
Om meardere redenen is de Fokdag fan fokferiening Het Friese Paard dit jier bysûnder. It hynste-evenemint wurdt net allinne foar de 70ste kear hâlden, it fynt ek nochris plak op in nije lokaasje.
It wurdt in spesjale jubileumkeuring foar de fokferiening fan Wolvegea en omkriten. Op in ledegearkomste earder dit jier waard ek al stilstien by it 70-jierrich bestean, mar freed en sneon folget de santichste Fokdag.
Yn de rin fan de jierren hat it op ferskate lokaasjes west, mar yn de ôfrûne jierren wie it fêste prik op in partikulier terrein yn Aldeholtpea. Dit jier ferhuzet it evenemint lykwols nei Boyl, nei it terrein fan de Celebrity Stables.
Fan gers nei sân
Foarsitter Marten Pelleboer leit út dat dit te krijen hat mei de kar foar in oare ûndergrûn. De leden woene op sân fierder, wylst yn Aldeholtpea gers leit. "Het is een vlakkere bodem, de paarden lopen dan anders. In draf laten ze zich beter zien en ze hebben meer grip."
It sykjen fan in nije lokaasje wie noch wol in hiele útdaging. Want dy moat folwaan oan allerhanne betingsten, fan parkearromte oant it plak foar in trijehoeksbaan.
140 ynskriuwingen
Pelleboer is tige tefreden mei sa'n 140 ynskriuwingen dit jier. Freed en sneon folgje der tal fan rubriken, sa't dat yn de hynstewrâld jildt. Ien fan de hichtepunten is as sneon de trijejierrigen yn aksje komme. Dy dei folget ek de algemiene fokdeikampioen, dêr't de bêsten oan meistride kinne.
De leden en har famylje en supporters sille de nije lokaasje sawiesa fine, tinkt de foarsitter. En de hoop is dat oaren der ek fan hearre.
Foar it jubileum is noch in spesjale presintaasje opset: der wurde dekhynsten dy't ea fan de fokkers út it wurkgebiet fan de feriening wiene nei de Fokdei helle, om har nochris oan de leden sjen te litten.