Wetterskip Fryslân yn in spagaat tusken oerlêst fan drûchte en fan wetter

Drûch greidelân by Goaiïngahuzen © ANP
It is in drege spagaat foar Wetterskip Fryslân. As it reint dat it stjalpt, roppe minsken moard en brân om wetter sa gau as mooglik ôf te fieren om oerlêst foar te kommen. Mar simmerdeis is mei drûchte krekt grut ferlet fan wetter.
Dat docht yn dizze perioade goed bliken, seit Henk Flikkema fan Wetterskip Fryslân. Op dit stuit is it delslachtekoart sa'n 195 milimeter, jout hy oan. "Yn it Noarden komme wy der noch aardich fanôf, mar lanlik soarget de drûchte de kommende tiid noch wol foar problemen."

Rein noch net genôch

Troch de rein nimt it tekoart hjir net mear echt ta, sa ferwachtet Flikkema. Mar genôch om de problemen op te lossen is it lang noch net.
"De rein helpt fansels om it wetter yn de boppegrûn oan te foljen, dat is wolkom foar de lânbrûkers. Mar der binne ek lege grûnwetterstannen, dêr helpt dizze rein noch net foar. Dêr is folle mear foar nedich", leit hy út.

De grûn nimt it net op

Boppedat is de grûn op guon plakken sa drûch dat it de rein net goed opnimme kin. "It wetter hat de tiid nedich om yn de boaiem troch te kringen, tusken de grûnkerrels. Mar as it hiel hurd reint, dan hat it wetter net de tiid om troch te kringen. Dan streamt der in soad fuort nei de sleat."
By Wetterskip Fryslân sels kin it ek flink drûch wurde © Omrop Fryslân
Boezemwetter is der noch genôch, dêr leit it him net oan. Mar de soarch fan Wetterskip Fryslân sit by de grûnwetterfoarried. "Wy moatte neitinke oer maatregels om it wetter as it reint yn de simmer goed fêsthâlde te kinnen", sa is Flikkema fan betinken.

Wetter ôffiere of opslaan

Mar de ekstremen wurde troch klimaatferoaring grutter en as it dan reint, kin der bûten de simmer ek in soad falle. Dan wolle boeren bygelyks it wetter gau fan it lân. "Yn de winter wolle wy drûge fuotten, mar yn de simmer wolle wy just genôch wetter." Dy druk fan bûten fernimt it Wetterskip wol.
Ferline jier wie der yn dizze polder by Ypekolsgea just sprake fan wetteroerlêst © Omrop Fryslan
Ein augustus ferline jier foelen tige swiere buien. Op tal fan plakken moast de brânwacht yn aksje komme. It Hooglandgemaal yn Starum en ekstra pompen waarden ynset om it wetter fuort te pompen.
Yn de polders by Wâldsein stie it wetter heech, dêr foel yn in pear oeren likefolle rein as oars yn in hiele moanne. Der waard alles op alles set om it út te wetterjen nei de Fryske boezem. Yn oktober wiene der noch lilke boeren by Ypekolsgea, om't de wetteroerlêst mar net ophold.
De fragen oan it Wetterskip wikselje dus mei de seizoenen. "As ik oan de simmer fan ferline jier referearje: doe hiene wy in bui fan 100 milimeter en doe stiene de polders blank. Doe wie de fraach: hoe krije wy dat wetter sa gau as mooglik fuort?"

Mear stipe fan oerheden nedich

Der moat dus mear wetter opslein wurde, mar dat is neffens Flikkema makliker sein as dien. Wetterskip Fryslân hat de stipe fan de oerheden nedich. "Wy kinne dat as Wetterskip net allinnich oplosse, dêr hawwe wy ek gemeenten en provinsje foar nedich. Dat is net sa fan hjoed op moarn te realisearjen."
Skiep yn drûch gerslân by de Ofslútdyk yn 2018 © ANP
Boppedat hat it ek mei de lokaasje te krijen. "It is ek ôfhinklik fan de situaasje yn it fjild. Hoe heech leit it lân, wat is it grûngebrûk, wat is de boaiemsoart? Wetter rint altyd nei de leechste plakken ta. Wêr kinne wy wetter foar de langere tiid opslaan, dat wurdt dé fraach foar de takomst."