Swimmaat fan sânfâldich medaljewinneres Marrit Steenbergen: "Dit is fantastisch"

Marrit Steenbergen (rjochts) op tv nei it winnen fan de lêste medalje © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De prestaasjes fan de Fryske swimster Marrit Steenbergen op it EK yn Rome binne op de foet folge troch kunden en freonen hjir. Sa ek hoe't se mei it Nederlânsk estafetteteam op de lêste dei wer in medalje helle.
Erik Nijholt wie jierrenlang swimmaat fan Marrit en hy is trainer by Drachtster swimclub DZPC, ek in skoft it sportive thús fan gouden medaljewinner Janna van Kooten. Oer Marrit seit hy: "Dit is echt heel gaaf dat ze weer een medaille binnenhaalt voor Nederland. Alweer één. Ze is wel echt goed bezig."
Hy hat geregeld appkontakt op dit toernooi mei de beide froulju. "Ik stuur na een prestatie altijd even een felicitatie. En ik vraag dan: Hoe ging de race? Was je tevreden met je tijd? Toch even proeven hoe het is gegaan."
Swimster Marrit Steenbergen pakt sân medaljes op EK
Op de laptop hâldt Nijholt de tiden by fia Lifetiming. Dêr binne de totaaltiden en de splittiden, de yndividuele tiden, fan fyftich en hûndert meter op te sjen. Steenbergen starte as lêste by de estafette en moast doe wat achterstân ynhelje, want Nederlân lei op dat stuit fjirde.
"Ze zwom een splittijd van 52 seconden en twee tienden en dat is echt een vlotte splittijd op de 100 vrij", seit Nijholt. "En zo zwom ze naar het brons toe voor Nederland. Fantastisch!"

Fjirde swimster mei sân EK-medaljes

Mei it brûns hat de 22-jierrige swimster fan Easterwâlde har sânde medalje op dit EK binnenhelle. Se is dêrmei de fjirde frou ea dy't safolle medaljes op ien Europeesk kampioenskip wûn hat. Dy oare trije binne Franziska van Almsick (Dútslân, 1995), Laure Manaudou (Frankryk, 2006) en Sarah Sjöström (Sweden, 2014).
Kira Toussaint, Maaike de Waard, Tes Schouten en Marrit Steenbergen mei harren brûnzen medaljes © ANP