Ien miljard views foar Omrop Fryslân-gifkes: "In gifke seit mear as tûzen wurden"

© Omrop Fryslân
Gifkes mei populêre Fryske útspraken as 'Koe minder' en 'Opsokkebalje' gean de wrâld oer. Omrop Fryslân-redakteur Lars Hoekstra is grutsk op it sukses fan syn koarte filmkes. "Ien miljard views, dat is echt in boppeslach!"
Yn it rap feroarjende medialânskip wol ek Omrop Fryslân syn publyk op alle mooglike wizen berikke. Bydragen fan de omrop binne al langer te finen op Facebook, Twitter, Instagram, YouTube en TikTok, mar it sukses fan de gifkes giet alles te boppe. No is Giphy gjin sosjaal kanaal, mar it kin wol brûkt wurde op al dy kanalen.
Om't der earst inkeld Ingelsktalige gifkes wienen, fûn Omrop Fryslân it heech tiid foar Fryske ferzys. Yntusken binnen der sa'n 1.200 Fryske gifkes online te finen fia Giphy.
"Se wurde manmachtich dield", seit haadredakteur Ingrid Spijkers.
Mylpeal: 1 miljard Fryske gifkes
Gifkes binne de ôfrûne jierren hiel populêr wurden. Neist in groei yn it brûken fan emoji's, wurde ek gifkes mear brûkt. "Minsken wolle har graach uterje en hoe kinne je emoasjes better werjaan as mei gifkes? Want in gifke seit mear as tûzen wurden", seit Lars Hoekstra.
Yn 2007 makke Hoekstra syn earste gifkes, wêrby't er de ynternettrends fan dy tiid fertaalde nei gifkes. Fansels op syn Frysk. Dizze basis brûkt er noch hieltyd, omdat de teksten hiel dúdlik lêsber binne.
Hoekstra begrypt hiel goed wêrom't de koarte filmkes sa populêr binne. "Om't in gifke oanjout hoe'tst dy fielst, is it ideaal foar op WhatsApp of oar digitaal ferkear."
Faak komt my wol wat yn it sin en dan moat ik gau in gifke meitsje, want oars ferjit ik dat wer.
Lars Hoekstra
Mar dat syn gifkes sa populêr wurde soene, hie ek Hoekstra net ferwachte. "Ien miljard views, dat is echt in boppeslach! Om mar ien fan ús gifkes te sitearjen. It is mear as oare regionale omroppen en wat minder as de lanlike omroppen, mar dy binne ek wat grutter fansels."
Op de fyts nei it wurk krijt er faak in idee. "Faak komt my wol wat yn it sin en dan moat ik gau in gifke meitsje, want oars ferjit ik dat wer."

Leechdrompelich en aktueel

Haadredakteur Ingrid Spijkers fynt it hiel belangryk dat alle ferskate doelgroepen goed betsjinne wurde. "We ha hjir in klup mei minsken dy't hjir sá'n goed gefoel foar hawwe. Dêrmei berikke we in hiel soad jongeren dy't oars miskien minder gau by Omrop Fryslân komme soenen."
De gifkes binne net allinnich mar grappich. "We stypje op in hiel leuke en tagonklike wize de Fryske kultuer en taal, en we besykje dat faak mei in aktuele ynstek te dwaan."
Wat is in gifke?
Eins binne gifkes al hiel âld, it bestânsformaat komt út 1987 en stiet foar "Graphics Interchange Format". Soest in gifke sjen kinne as in filmke sûnder audio of in bewegend plaatsje.
Geregeld krijt Spijkers ek kompliminten foar de bydragen dy't Omrop Fryslân op sosjaal media pleatst. "It is wol hiel populêr ûnder bygelyks studinten. Se wurde manmachtich dield, dat kin ek op alle platfoarmen."

Tal views by oare omroppen (regionaal en lanlik)

Omrop Tal views
RTL 2,6 miljard
Radio 2 1,9 miljard
SBS 6 1,2 miljard
Omrop Fryslân 1 miljard
VPRO 563 miljoen
Omroep Gelderland 151 miljoen
RTV Noord 108 miljoen
NOS 49,6 miljoen
RTV Drenthe 16,7 miljoen
RTV Utrecht 10,7 miljoen
Omroep Brabant 4,3 miljoen
Omroep Zeeland 2,6 miljoen
L1 513.000
It sukses fan de gifkes foarmet ek in grutte stimulâns foar de Fryske taal. Wa't betinkt dat Fryslân 650.000 inwoners telt, realisearret him dat 1 miljard views in enoarme berik en impact betsjutte.
"It hege tal views lit sjen dat it Frysk in libbene taal is en dat it in soad brûkt wurdt", seit Lysbeth Jongbloed, dy't ferline jier promovearre is op it brûken fan it Frysk op sosjale media.
En it ein is noch net yn sicht, tinkt Lars Hoekstra. "Giphy stiet net stil en wy ek net. Se wolle ek mear mei audio dwaan, dus wa wit krije wy dan yn 'e takomst dochs wer in soart Frysk soundboard mei gifkes!"
Hoe makkest gebrûk fan ús gifkes?
Druk yn WhatsApp by it skriuwfinster op it notysjeblokje, dêrnei op it fergrutglês en sykje dan op frysk/momint/fryslan of wat oars Frysktalichs, dan krijst automatysk in kreas Frysk gifke. Dêrneist kinst ek gifkes brûke yn bygelyks Facebook/Twitter/Instagram/Teams en sels ek op it wurk fia Outlook.
Mist noch gifkes?
Der binne noait genôch gifkes, dus hast in idee foar in gifke? Lit it ús foaral witte, dat kin fia gifke@omropfryslan.nl.
Ut it ûndersyk fan Jongbloed docht bliken dat in Fryske aksje ek in Fryske reaksje opsmyt. "As minsken Frysk sjogge, brûke se it sels ek gauwer. Sels koarte gjalpen as 'jawis' binne in utering fan dyn Fryske identiteit. Dêr bist grutsk op en dat wolst sjen litte. Troch in Fryske gif te brûken, joust ek oan dat in oar Frysk tsjin dy prate kin."
Jongbloed brûkt se sels ek. "Ik stjoer se ek wol nei myn heit en mem. It is foar jong en âld."