Jild binnen foar stânbyld fan deamakke walrus Freya

Walrus Freya © Omrop Fryslân
Yn Noarwegen is 20.000 euro ynsammele foar in stânbyld fan de ôfmakke walrus Freya. It bedrach is yn in pear dagen tiid troch 1.280 Noaren bymekoar garre.
Neffens inisjatyfnimmer fan de ynsammelingsaksje Erik Holm is it deadzjen fan Freya in teken dat Noarwegen gjin romte jaan wol oan wylde bisten. It stânbyld moat dúdlik meitsje "dat we de natuer net altyd deameitsje en ferwidere kinne of meie wannear't dizze yn 'e wei stiet", skriuwt hy.
Freya swalke al skoften om yn Noarwegen en die ek it Fryske Waadgebiet oan. Sa wie de walrus yn Harns, op Skylge en Skiermûntseach.
Yn Oslo waard it bist in attraksje en neffens de autoriteiten joech dat de walrus te folle stress en koene omstanners dêrtroch gefaar rinne. Omdat it wolwêzen fan Freya net garandearre wurde koe, is de walrus snein ôfmakke.