Selstraffen oant sân jier yn rjochtsaak oer ynternasjonale drugshannel

Fertochte Justin S. yn de rjochtbank earder dit jier © ANP
De rjochtbank yn Ljouwert hat straffen oant sân jier sel oplein oan de fertochten yn de Vidarsaak. Dy saak draait om ynternasjonale drugshannel tusken Fryslân en Skandinavië.
Fan de tweintich fertochten dy't hjoed foar de rjochter stienen, binne fyftjin feroardiele foar ûnder oare de útfier fan drugs, wytwaskjen, dielnimming oan in kriminele organisaasje en wapenbesit. Fiif oaren binne frijsprutsen.
Om ynformaasje los te krijen, keas justysje derfoar om in kriminele boargerynfiltrant yn te setten, in man mei kontakten yn it kriminele sirkwy. De rjochtbank yn Ljouwert seit no dat de ynset fan de kriminele boargerynfiltrant rjochtmjittich wie.
De rjochtbank oer de ynset fan de kriminele boargerynfiltrant yn de Vidarsaak
"Het Openbaar Ministerie heeft voldaan aan alle voorwaarden", seit de rjochter. Hy fynt de ynset fan dy ynfiltrant yn it ljocht fan it ûndersyk en de aard fan de fertinkingen rjochtmjittich.
Boppedat neamt de rjochtbank de ferklearringen fan de ynfiltrant betrouber. "Het is niet aannemelijk dat hij de feiten heeft uitgelokt. Hij heeft slechts dingen aan het licht gebracht."
Advokaten fan de fertochten wienen it net iens mei de ynset fan de kriminele boargerynfiltrant. "Maar dat hij verdachten in de drugshandel heeft gelokt, is aperte onzin", seit de rjochter.

Straffen oant 7 jier sel

De straffen dy't de rjochtbank oplein hat, fariearje fan sân jier selstraf oant fjirtich oeren taakstraf.
De verdachten hebben zich laten leiden door snel geld verdienen.
Rjochtbank Ljouwert
De swierste straffen wienen foar de haadfertochte út Surch en foar in man út Ljouwert. Sy krije elk sân jier selstraf. "De verdachten hebben zich laten leiden door snel geld verdienen", seit de rjochter. Hy sprekt fan "ondermijnende criminaliteit".
De rjochtbank oer de motivaasje foar de straffen yn de Vidarsaak
It Iepenbier Ministearje is tefreden mei de útspraak. "We voelen ons gesterkt dat de rechtbank onze overwegingen volgt, dat in deze zaak de inzet van de criminele burgerinfiltrant gerechtvaardigd is geweest. Het is een zwaar opsporingsmiddel."
It IM kin net sizze oft dizze útspraak betsjut dat it IM no de boargerynfiltrant faker ynsette sil, seit de parse-offisier.
De saak-Vidar kaam oan it rôljen yn maart 2020, doe't in drugstransport nei Finlân ûnderskept waard. Dêrnei die de plysje ferskate ynfallen, ûnder oare op ferskate plakken yn Fryslân. Dêrby waard hasj, himp, speed, kokaïne, ghb en xtc fûn.
By de saak sette it Iepenbier Ministearje in kriminele boargerynfiltrant yn: in persoan út it kriminele sirkwy dy't kontakt lei mei de fertochten.
Justysje easke straffen tusken 30 oeren wurkstraf en 8 jier sel. Dy lêste straf waard easke tsjin in 58-jierrige man út Surch dy't sjoen wurdt as de lieder.