Tsiende hjitteweach yn Fryslân no foarby

In frou brûkt har hân om har te beskermjen tsjin de sinne © ANP
De tsiende hjitteweach ea metten yn Fryslân is foarby. Yn Starum wie it fan ferline wike woansdei oant en mei juster alle dagen minstens 25 graden, mei trije dagen wêrop't it waarmer wie as 30 graden.
Yn Starum stiet sûnt 1990 in waarstasjon. Sûnt dy tiid binne dêr fiif hjitteweagen metten, ynklusyf dy fan de ôfrûne wike. De langste hjitteweach wie dy fan twa jier lyn: doe wie it tolve dagen lang waarmer as 25 graden en dêrby sieten seis dagen fan boppe de 30 graden.
Der steane op it stuit fjouwer offisjele KNMI-waarstasjons yn Fryslân. Njonken Starum steane se yn Ljouwert (sûnt 1951), Flylân (1980) en Skylge (1994).
Waarstasjons fan it KNMI yn Fryslân © Omrop Fryslân
De measte fan de tsien hjitteweagen dy't yn Fryslân metten binne, binne fêststeld op it waarstasjon yn Ljouwert, mar dy fan 1999 en 2022 net. Yn Ljouwert wie it doe 'mar' twa kear waarmer as 30 graden en dus krige dy periode net it stimpel hjitteweach.

Hjitteweagen metten yn Fryslân

Perioade Tal dagen (tropysk)
10/08/2022 - 16/08/2022 7 (3)
05/08/2020 - 16/08/2020 12 (6)
23/07/2019 - 28/07/2019 6 (4)
23/07/2018 - 30/07/2018 8 (3)
05/08/2004 - 10/08/2004 6 (3)
05/08/2003 - 12/08/2003 8 (4)
29/07/1999 - 04/08/1999 7 (4)
06/08/1997 - 13/08/1997 8 (4)
23/06/1976 - 28/06/1976 6 (3)
03/08/1975 - 15/08/1975 13 (6)
Der binne ek hjitteweagen dy't wol yn Ljouwert metten binne, mar net op de oare waarstasjons: dat giet om dy fan 2003, 2004 en 2018.
Op Flylân en Skylge is mar twa kear in hjitteweach metten, dat wie yn de simmer fan 2019. Tusken 23 july en 28 july wie dêr doe sprake fan simmerske (waarmer as 25) en tropyske dagen (waarmer as 30).
Wat opfalt, mar fanwegen de opwaarming fan de ierde net ferrassend is, is dat in soad fan de hjitteweagen yn de lêste tweintich jier west ha.