Akkrum krijt part fan Bosk-beammen as ynspiraasje foar fergriening

Beammen fan Bosk op it Ljouwerter Saailân © Leo Middelsé, Ilona de Vries
It begûn as in dream en wurdt no werklikheid: in bosk foar Akkrum. 116 Bosk-beammen fan Arcadia gean tongersdei op in seis oeren duorjend transport fan Ljouwert nei Akkrum.
"Dat bart mei in grut ponton fan 36 meter", fertelt Gretha Oost. Al yn febrewaris kaam se mei it idee fan in bosk nei de bestjoersgearkomste fan Energie Coöperatie Duurzaam Akkrum-Nes.
Se wol fan it doarp it griene hert fan Fryslân meitsje. "En fergriening is in spearpunt yn it doarp." Se krige in soad positive reaksjes en der kaam in wurkgroep dêr't alle organisaasjes yn it doarp yn fertsjintwurdige binne. "Hoe moai is it dat wy it toetje binne fan it feest fan hûndert dagen Bosk yn Ljouwert?"
Ferskate partijen reagearren entûsjast op it plan. "De bakken komme te stean yn it sintrum, dêr't no in soad tegels binne. Dat is by it Heechein, Leechein en de Buorren, by de doopsgesinde tsjerke. Fan watfoar kant ast dêr komst, rinst sa it boskje yn."

Ynspiraasje foar de takomst

Bosk bliuwt seis wiken stean en is bedoeld as ynspiraasje foar de takomst. "It doel is om mei de ynwenners it petear op gong te bringen oer duorsumens en fergriening, wat docht grien?" Fan de 75 kisten mei beammen bliuwe der 50 yn it doarp.
De winsk foar in echt bosk by Akkrum bliuwt. "Dêr wolle we graach mei elkoar oer prate, oer wêr't dat komme moat en hoe't we dat oanpakke kinne. As minsken ideeën hawwe, hearre we dy graach."
By it projekt 'Meet me in the forest' sitte ek oare ûnderdielen lykas in teäterprogramma mei dichters en muzyk.