Skippen Turfvaartdagen lizze oan op De Gordyk; "It is de histoarje weromhelje"

De skippen yn it sintrum fan De Gordyk © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It konfoai âlde skippen dat fanwege de Turfvaartdagen ûnderweis is fan Nij Beets nei Appelskea hat yntusken De Gordyk berikt. Dêr sit ek in 15 meter lang flot by dêr't in tal Nij Beetsters op bivakkearret.
Ien fan harren it Tineke Bok. Sy sliept, mei har hûn Hiske, op it flot. "It giet bêst. We ha de slûs helle, sels de twadde al." Foar har is it ien grut aventoer; "Alles is moai. Der binne safolle minsken lâns de kant dy't fan alles witte wolle oer it flot."
Se sliept mei har hûn Hiske yn de tinte. Dat wie de earste nacht wat dreech. "Doe wie der oan de oare kant in feestje oant moarns betiid. Mar fannacht ha ik better sliept. By in boer dy't moarns tee brocht en ik mocht dêr ek nei it húske."

Histoarje weromhelje

Koos Föllings is foarsitter fan de stichting Historische Schepen Turfroute en ien fan de driuwende krêften efter dizze reis. Hy fart op it skip de Rat. Föllings is tefreden oer de earste dei: "It giet moai sa. It is de histoarje weromhelje."
Underweis nimt ûnder oare de Rat groepen minsken mei. "Ja, dat dogge we dan tusken de doarpen dêr't wy delhâlde yn. Woansdei krije wy in groep Oekraïners oan board. Ik bin benijd hoe't dat giet, mei it Ingelsk. Oekraynsk meitsje ik neat fan."
Se farre dan nei Donkerbroek. Dêr, en in dei letter yn Easterwâlde, wurde tal fan aktiviteiten organisearre. Freed komt it konfoai oan yn Appelskea.