Sloop is de iennige opsje foar útbaarnde pannen yn Wolvegea

In part fan de dyk is noch hieltyd ôfsletten © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De grutte brân fan tiisdei 8 augustus yn it sintrum fan Wolvegea hat in protte gefolgen foar ûndernimmers yn de buert. It sil noch wol in skoft duorje foardat de winkels wer iepen kinne.
By de brân waarden ferskate hûzen en in part fan in âldereinkompleks ûntromme. Der wie eksploazjegefaar. De brân ûntstie yn in snackbar. Nei it sein 'brand meester' ûntstie in nije brân nei in gaslek. Om 5.00 oere wie de situaasje ûnder kontrôle.

"Heel pijnlijk"

De pannen dêr't de brân wie, moatte sloopt wurde. Dat is in hurde klap foar de ûndernimmers yn de gebouwen. "Het is heel pijnlijk", seit Birgit Boersma fan in kleanwinkel. "We hebben het bedrijf per 1 augustus overgenomen, we waren helemaal klaar om het avontuur aan te gaan. En dan gebeurt dit."
Boersma is bliid dat der gjin minsken ferwûne rekke binne. "Je baalt even, je huilt even, je vloekt stiekem even, maar het belangrijkste is dat er niemand gewond is geraakt. Er zijn ergere dingen, het is maar materiaal."
It ynterieur fan moadehûs Boersma kin fuortsmiten wurde; it stjonkt nei reek © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It bedriuw hat reekskea en de klean kinne net mear ferkocht wurde. "Gelukkig hebben we een hele grote, trouwe klantenkring die veel begrip heeft, die heel veel berichtjes stuurt. Dat is heel fijn", seit Boersma.

Hoofdstraat noch lang ticht

Troch de brân is noch hieltyd in part fan de Hoofdstraat ôfsletten. Neffens Roelof Theun Hoen fan de gemeente Weststellingwerf bliuwt dat ek noch wol efkes sa. "De verzekeraars zijn nu met elkaar in overleg over de sloop van de panden. De sloop moet aan de voorkant beginnen en dat betekent dat de straat nog wel even afgesloten blijft."
It fersyk foar in sloopfergunning krijt wol foarrang by de gemeente. Oant dy tiid is der in omlieding om dochs by de winkels yn de Hoofdstraat komme te kinnen, mar "Het blijft heel vervelend voor alle ondernemers."