Wurksumheden oan Noarderpier Harns: "Als we niets doen, zakt een deel de Waddenzee in"

Wurk oan de pier by Harns © Omrop Fryslân, Esther Leystra
De stabiliteit fan de Noarderpier yn Harns komt yn gefaar. Dêrom wurdt in part fan de pier by de haven fersterke. Dat wurk is yntusken úteinset.
De wurksumheden binne nedich omdat de ril yn it Kimstergat him oer in lingte fan 350 meter flugger yn de rjochting fan de pier ferpleatst as ferwachte. Wetterskip Fryslân ûntduts dat yn it neijier fan 2021.

Pier ynstabyl

It ferpleatsen fan de ril hat gefolgen foar de stabiliteit fan de pier. By ekstreem lege wetterstannen (mear as 2 meter ûnder NAP) en eastewyn kin de druk fan it wetter op de Noarderpier fuortfalle. "Als we niks doen, dan heb je de kans dat een deel van de pier de Waddenzee inglijdt bij laagwater", fertelt Berry Schuten, projektlieder Wetterskip Fryslân.
It 350 meter lange part fan de havendaam wurdt fersterke troch it oan te foljen mei brekstien. Dit bart ûnder wetter. De ril kin dan net mear opskowe nei de pier.
Om dit foarinoar te krijen, wurde fiif grutte sinkstikken yn it wetter pleatst. Dizze stikken tekstyl soargje derfoar dat de stiennen net yn de boaiem fuortsakje en der gjin sân ûnder fuortspielt.
Start fersterking part fan de Noarderpier yn Harns
De Noarderpier leit foar de haven fan Harns en hat in wichtige funksje foar de beskerming fan de efterlizzende wetterkearing, wêrûnder de fearboatterminal, it slûzekompleks en de kearmuorre. By swiere stoarm ferminderet de pier de krêft fan de weagen op de kearing.
Wurk oan de Noarderpier © Omrop Fryslân, Esther Leystra
De wurksumheden fine plak yn it Waadgebiet, in Natura2000-gebiet. Wetterskip Fryslân hat maatregels nommen om de natuer de romte te jaan by it fersterkjen fan de pier, seit Berry Schuten.
"De fûgels kinne hjir no net op de pier telâne, dêrom ha we in stik fan de dyk ôfset. De fûgels dy't hjir gewoanwei sitte soenen, kinne no nei dat rêstgebiet. Ek sille wy noch in oantal tijpuoltsjes oanlizze, mar dat sil pas oan de ein fan de wurksumheden plakha."
Yn dizze keunstmjittige puoltsjes bliuwt it wetter stean nei floed. Dizze puoltsjes fergrutsje it bioferskaat, biede ûnderdak oan organismen en binne in boarne fan iten foar fûgels.
De wurksumheden duorje oant heal oktober 2022. "Wy wolle hiel graach foar it stoarmseizoen klear wêze sadat de pier dan wer hielendal stabyl is", seit Schuten.