Ynsammeljen helpmiddels foar Oekraïne ferrint dreech, "Wylst de need heger is as oait"

De helptroepen earder dit jier yn Moldavië © Freerk Lautenbag
Fjouwer Friezen dy't dwaande binne mei it organisearjen fan helptransporten nei Oekraïne, fernimme dat it in stik dreger giet as earder dit jier. Se krije hast gjin guod binnen om nei Oekraïne te bringen.
Freerk Lautenbag besiket mei trije oaren om fjouwer frachtweinen fol te krijen. Dêrmei wolle se nei Moldavië ride, omdat dêr in soad Oekraïners nei ta flechte binne.

Sjerpich

Ein maart, in goede moanne nei't de oarloch yn Oekraïne útbruts, wienen de Friezen ek al yn Moldavië. Dat wie in yndruk meitsjende reis. Hiel konfrontearjend, mar ek hiel bot nedich, sei Lautenbag doe.
"En we wolle no eins in soartgelyk transport organisearje, mar de faasje fan it ynsammeljen giet hiel sjerperich", fertelt Lautenbag.
Jeen Holwerda fan it konfoai by in tuskenstop yn Eastenryk © Freerk Lautenbag
Hy tinkt dat it foar in part komt trochdat minsken de situaasje yn Oekraïne yntusken hast normaal fine. Mar it komt ek trochdat der oar guod nedich is as earder dit jier.

Fan ierappels oant skuon

"Doe hienen we seis boeren dy't 50 ton ierappels en 10 ton sipels beskikber stelden", fertelt Lautenbag. "Dat skeat goed op. Mar dat rint no oars, want der moat earst rispe wurde. Dat wurdt dus net earder as de maitiid."
Dus sykje se oar guod. "Ierappelpuree, pasta, woartels. Guod dat langer hâldber is. Mar ek wer hygiënyske produkten, skuon en klean."
It moat wol foar de winter, want de minsken komme dêr echt yn need.
Freerk Lautenbag
Hy hopet dat bedriuwen meihelpe wolle. Want dy fjouwer frachtweinen fol krije, giet dus mar muoisum. En dat wylst Lautenbag eins sels seis frachtweinen folje wol.
"De need is noch folle heger as begjin dit jier. De rispingen driigje dêr te mislearjen, der komme hieltyd mear flechtlingen. En de minsken ha dêr hielendal neat."
Lautenbag hat noch even geduld. "De planning is om yn septimber dy kant op te gean, of op syn lêst begjin oktober. Mar it moat wol foar de winter, want de minsken komme dêr echt yn need."